je'.Jildt dat ek foar oare senario's? As dat net sa is, dan graach ynsjoch yn mearkosten foar senario 3 mei ferlykbere útfiering. Zijlstra: len fraach bliuwt der eins oer en dat is de finansjele en de krektere Onderbouwing dêrfan sil nei de kar fan in bepaald senario komme. Foar de PvdA komme twa senario's yn oanmerking: 1 en 3. It Riedhûs moat behâlden bliuwe en miskien kin de wurkgroep him der ek mei dwaande hâlde. Roorda: Noch wat fragen oer senario 3. It grutste bedrach is foar de útbou en in lytser be- drachfoar de kantine en argyfromte. Hoe sit it mei de ûnderhâldskosten de kommende trije jier en de perioade dêrnei en mei de tydlike húsfesting fan de amtners? Wenningbou yn de ta- komst op dat plak smyt mear jild op. Is dat berekkene en kin it kantoar sa lang net ferhierd wurde? De opbringst fan grûn en gebou yn senario 3 is net yn mindering brocht en de post fan it Riedhûs is der net yn opnommen. Is der in ferliking makke fan de eksploitaasje fan in nij gemeentekantoar versus it âlde? Mefrou Verkerk: It foarstel is in moai foarbyld fan it dualisme. Hoe reëel is in ôfskriuwingspe- rioade fan 40 jier by in âlder gebou. De VVD tinkt by senario 3 earder oan 20 jier. Slút har oan by opmerkingen fan Roorda oer problemen en kosten tydlike húsfesting. Wol ynformaasje oer opmerking yn sterkte-swakte analyze by senario 3 "niet toegesneden op toekomstige or ganisatie" en oer ynfloed beheinende kondysjes en al of net renovearjen op eksploitaasje fan it Riedhûs. De Vries: De deskundichheid fan de wurkgroep hat syn beheinings. Op 10 april hat de ried ek al de mooglikheid hân om hiel wat ynformaasje op te dwaan. In djoer senario betsjut in grut tere herprioritearring. De wurkgroep hat gjin foarkar en dat wie ek net de opdracht fan de wurkgroep. Dy lei yn it mooglik meitsjen fan beslútfoarming en de útwurking fan senario s. De fraksjes moatte der oer gear. It plan fan arsjitekt Douma (mei parkearfasiliteiten foar amt ners en besikers ûnder it nije gemeentehûs) wie op grûn fan kosten en lokaasje net gaadlik as 6e senario. De wurkwize fan de wurkgroep wie net optimaal, omdat elkenien oan in ferskaat oan aktiviteiten bûn is. Der wie te min tiid om bepaalde saken besinke te litten. Der is op dit stuit 30% te min romte op it gemeentehûs. It is net de ferwachting dat de groei fan de amtb ke organisaasje him yn de takomst op deselde foet fuortsette sil. Yn it nije plan is rekken hél den mei wat ekstra romte. De Onderlinge ôfstimming yn de amtlike organisaasje kin by fer- bouwing net sa realiseard wurde dat dy optimaal is en dêrom de opmerking "niet toegesneden op toekomstige organisatie". It is lykwols net in kapasiteitsprobleem. It spyt de wurkgroep ek dat it stik net earst yn de kommisje koe, dan hie de boarger ek wat mear ynformaasje krije kinnen. Mefrou Dekker: Hat de kommisje deroer neitocht hoe't de bewenners fan Boarnsterhim derby belutsen wurde kinne? De Vries: De kommisje hat himsels bekend makke en wie benaderber, ek fia ynternet. Wurk- groepleden binne der seis op oansprutsen. Boppedat spilet de saak al sa'n 8 jier. "Bouwen zonder franje" slacht werom op earder stik fan kolleezje, dêr't yn oanjûn wie dat der gjin rom te foar ekstra saken wie. De oare bedraggen binne noarmbedraggen, keppele oan it tal kante meters en dy binne yndikatyf. Dat léste jildt foar senario 3 wat minder. It is yndied by 1 en 3 in kar tusken djoer en goedkeap. Fynt dat punt 1 en 2 fan it foarstel no goed taljochte binne. De kommende trije jier is der in ynhelslach oangeande net útfierd ûnderhâld en dêrnei moat útgien wurde fan it reguliere ûnderhâld. Roorda: Is der in prognoaze foar de langere termyn, want it gebou is net nij. Pagina 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6