De Vries- Renovaasje bringt it gebou wer by de tiid. It âldere part sii yn eksploitaasje miskien wat mear ûnderhâld freegje as de nije oanbou. Amtners sille nei nije oanbou ferhúzje as dy kiear is Der sil wol wat needopfang nedich wêze, mar de kosten dêrfan sille beheind w®z®- No kin der noch gjin wenningbou op dat plak, dat it giet no te fier om te ûndersykjen hoefolle oft oer tsien jier de grûn dêr mooglik wurdich wêze soe. De tydlike ferhiersmooglikheden bin- ne net ûndersocht. Yn senario 3 stiet net in post foar grûn, omdat dy grûn der al yn besit is. Yn senario 3 is net de restauraasjepost fan 900.000,- opnommen, omdat dat beslut net by de wurkgroep leit. Der hat ek gjin oerlis west mei mooglike hierders. De Ôfskriuwingsperioade fan 40 jier jildt yn it earste plak foar de nijbou, by it oare part rint dy per.oade troch. De ried moat him útsprekke oer de yn it stik oanfierde rânebetingsten foar it gebruk fan it Riedhus. is net goed oan te jaan wat it krekte effekt is fan de rânebetingsten op de finânsjes. Postma- De fraach leit der wat de ynfloed is fan de ynvestearring op de jierlikse eksploitaas je De bedraggen binne yndikatyf, wêrby't in ôfwiking fan of - 20% mooglik is. De eks- Dtortaasiekosten foar it gemeen,ekantoa. binne no jierliks 240.000,- en foar Fbedhus 23 000 - Foar beide gebouwen jildt dat guon ûnderhâld utsteld wurdt. De nije oanbou Yn senano 3 sil in ekstra eksploitaasje fan 65.000,- jiers mei him meibringe. Enerzjybehear en duorsumheidsaspekten binne op dit stuit net trochberekkene. De ynvestearingslest foar^it Riedhûs is ófhinklik fan subsydzjes en te generearen ynkomsten. De saken binne trochrekke" nè mei in stiging fan de ünreplik saakbelesting fan 2% jiers oant en mei 2005 Ryksaspekten (wiziging OZB-belied) binne der büten hélden. Elk ekstra OZB bringt sa n 25.000, op. De Vries Hat gauris it wurd detail of begryp "krektere útwurking" heard. Dat is lykwols oan bod yn de folgjende faze. De foarsitter: Freget oft de ried yn technyske sin noch behoefte hat oan in twadde termyn. De Vries: It giet derom oft de'wurkgroep oan de opdracht sa't dy formulearre is yn punt 1 en 2 foldien hat. Betanket amtners en gemeente-siktaris foar har grutte ynset. De foarsitter: Stelt foar om te begjinnen mei de diskusje oer punt 3 en 4, neidat de leden fan de wurkgroep har plak wer yn de riedsseal ynnommen hawwe. Der sil earst in koarte diskusje plakfine en dêrnei krije de fraksjes tiid om har te berieden. ZklstrVTnsbmming mei punt 1 en 2. Wurdearring foar wurk kommisje. Skets, eerdere plan foar in nij gemeentehüs. De ried besleat doe foar in lokaasje oan de A32. Dat is letter wer ynlutsen. It Riedhûs moat bestean bliuwe, de gemeente hat net goed op syn saak nart Fielt foar in stichting fan Grousters dy't him foar it Riedhus ynset lykas earder foar de Sint Piterstjerke. Miskien kin de kommisje dêrby in oanset jaan. Nei wat heinen en mjitten soe der wol plak wêze foar in all-in gebou oan de A32. Wol djoer mei in ekstra lest fan 600 000 - jiers. Senario 3 is in goedkeapere opsje, alhoewol't it in hokjeboel bliuwt en de kosten miskien noch net goed yn kaart brocht binne. De jierlikse lésten fan senario 1 en 3 liz- ze lykwols sa fier útinoar, dat senario 1 oare prioriteiten as skoallen, swimbad en rioel yn ge- faar bringt. Janse- De wurkgroep foldocht oan punt 1 en 2. Tsien jier lyn wie FNP ek al foar nij-en fer- bou fan gemeentekantoar, omdat sy gjin jild yn prestisjeuze projekten stekke woe De ried hat doe oars besletten. De fraksje wie fernuvere doe't yn novimber 2002 nij- en ferbou fan it gemeentekantoar wer yn byld kaam. Finânsjes jouwe trochslach, ek by ferrekkeningen fan Pagina 5 Notulen 15-04-2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7