posten is der te min romte. De FNP kiest foar senario 3 en is foar behâld fan it Riedhûs mei in foarkar foar in stichting. Hemminga: De opbringsten moatte wol belutsen wurde yn de senario's en der moat mear dúdlikheid oer de konsekwinsjes foar de mearjierrerûzings komme.^ GB2000 wol gjin ekstra ferheqing OZB foar ditsoarte fan posten. Foar it behâld fan it Riedhüs, mar de finansjele kon sekwinsjes moatte wol yn kaart brocht wurde. Lichte foarkar foar senario 3 op betingst fan in goede finansjele Onderbouwing. Van der Meuten: Ynstimming mei punt 1 en 2. Yn it ferline ek al in wurkgroep dy t foar nij- bou achter it Riedhûs wie. Yn de perioade 1998-2002 wie der in kolleezje-beslut om oan de A32 te bouwen. De fraach is wêr't wy mei Grou hinne wolle. Ek op dit stuit fielt it CDA noch wol foar de lokaasje by it Riedhûs. Moaie ferlykbere situaasjes yn it lân besjoen. Is it lykwols TelberSefs jier lyn miskien wol, mar no net mear. Sa komt it CDA út op senano 3 "Bouwen zonder franje" mei net ynhâlde dat de wurkplakken net ta har rjocht komme. It R.edhus moat tagonklik bliuwe foar mienskip. De ried hie better syn bést dwaan moatten. Mefrou Verkerk: De lokaasje oan de A32 is de moaiste, mar de finansjele situaasje lit dat net ta: oare saken soene dêrtroch op slot setten wurde. De VVD is wol foar bewarjen fan Ried- hûs, mar oer de wize wêrop sil mear dúdlikheid komme moatte. De gearkomste wurdt foar Onderling beried Onderbrutsen. De foarsitter: lepenet de gearkomste wer mei de winsk dat de traksjes sa düdlik mooglik har stênpunten en kar nei foaren bringe. Dat jildt ek foar de alternativen foar it Riedhus. Ziilstra- Niibou oan de A32 is neidielich foar oare Ontwikkelingen yn de gemeente en dêrom is de fraksie foar senario 3 Iferbou en oanbou gemeentekantoar, ynklusyf riedseal) Oan gaande it Riedhüs is der in foarkar foar in stichting, dêr't de gemeente wol syn ynbnng yn hawwe moat. Mefrou Verkerk: Foar senario 3. It Riedhüs ferkeapje en dêrby Onderbringe yn in stichting me' behâld fan rênebetingsten. Hemminqa- Kiest foar senario 3. De kommisje moat troch it kolleezje wol by de beslutfoar- ming belutsen wurde. Foar it Riedhüs wurdt keazen foar altematyf 2 mei de punten dy t der- Onder steane. Janse: Hat foarkar foar senario 3 al dúdlik makke. Foar it Riedhüs foarkar foar stichting, mar wol oare mooglikheden iepenhâlde. Van der Meulen: Foar senario 3. Wol twifels oft it foar dat bedrach kin. Hat de rênebeting sten oer kwaliteit earder oanjûn. Foar it Riedhüs kar foar altematyf 1 (eigendom gemeente), om finansjele redenen eventueel in stichtingsfoarm. De foarsitter De ried hat him unanym útsprutsen foar in Otwurking fan senario 3. By it Riedhüs hat it grutste part fan de ried in foarkar foar de stichtingsfoarm en sprekt de ried h.m út foar in goede wize fan behâlden fan it Riedhüs. Komplimintearret ried en wurkgroep mei it resultaat. Hat de fraach oft de ried him eksplisyt oer it Riedhüs útsprekke wol. De Vries: Hat it gefoel dat de ried wol dat de riedsbrede wurkgroep in stypjende rol foar it kolleezje spylje kin by dizze saak. Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8