BOARNSTERHIM gemeente o N T U L E N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 20 maaie 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. De riedsleden: fan Gemeentebelangen 2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman en de hearen N. Boringa, J.Hemminga en H.G. Postma fan de PvdA: de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers Ofwêzich mefrou J. Dekker-Hoogeveen 1. lepenjen. De foarsitter hjit ried, kolleezje, amtlike adviseurs, publyk en parse fan herte wolkom. Sprekt syn soarch út oer Ontwikkelingen yn dizze hektyske wike: sluting fan in bedriuw yn Warten en BSE op in lânboubedriuw. Yn sokke situaasjes moat de lokale oerheid har ôffreegje, hoe't goede dingen dien wurde kinne. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. Gjin wizigingen. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 15 april 2003 De Vries: Op side 4 stiet: 'De wurkwize fan de wurkgroep wie net optimaal...'. Der is sein en bedoeld dat de wurkwize hiel goed wie, mar dat troch te min tiid yn de einfaze in tal ferdjip- pingsslaggen net mear makke wurde koe. Mei dizze wiziging goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken Nûmer 7: Oanwêzich: Foarsitter: Griffier: de hear Y. Dijkstra de hear M. Frensel 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3