Bijlsma: Ut de jierrekken fan Hûs en Hiem docht bliken dat der in tekoart is fan 37000,-. Wurde de 30 Fryske gemeenten dêr noch yn belutsen? Nûmer 3: Janse: Yn it jierberjocht steane in stikmannich oanbefellingen. Stelt út om yn de wurkgroep dualisearing te besjen wat dêr mei dien wurde kin. De foarsitter: Yn de kommisje kin de fraach fan de hear Bijlsma oan de oarder komme en de wurkgroep dualisearing kin de suggestje fan de hear Janse meinimme. Nûmer 11 oant en mei. 13: Janse: Docht it foarstel om de antwurden earst yn de kommisje te behanneljen. De foarsitter: Dêrta wurdt besletten. 6. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan de ynspraakreaksjes tsjin de bouoanfraach foar it realisearjen fan in grûndepot mei ynstekhaven en kantoarunit foar de depothâlder op it perseel Trije Hûs te Grou, kadastraal bekend gemeente Grouw, sectie C, nrs 915, 916, 961, 1481 en 1482. Janse: Koartlyn hat de ried it bestimmingsplan bûtengebiet foar ynspraak frijjûn. De ried koe formeel ynhâldlik net op it bestimmingsplan yngean. Yn t bestimmingsplan wurdt in hichte fan 4m boppe NAP, dat is 5m boppe it fjild oanjûn. Dat komt oerien mei de oanfraach fan de pro- vinsje in goed jier lyn. Yn it bestimmingsplan moat lykwols stean wat de gemeente winsklik fynt. Foar de FNP is 5m te heech: it is in oantaasting fan it iepen lânskip. In hichte fan 3m boppe it fjild is foldwaande en dan opfold mei bagger klasse III en IV. Klasse I en II soe yn sânputten yn de provinsje kinne. Stelt foar om de beswieren op grûn fan de lânskiplike aspek- ten foar begrûne te ferklearjen en de rest net. Van der Sluis: In depot fan 5m heech en 550/700m lang en mei de Rengerspôle derby noch grutter. In muorre yn in natuergebiet mei negative effekten foar silerij en rekreaasje en in prot- te lawaai by de oanlis. It eilân soe in rekreatyf stipepunt wurde moatte, mar by bagger fan klasse III en IV kinne allinne oanlisplakken oan de bûtenkant realisearre wurde. By skjinne bagger binne ynstekhavens mooglik. Sa't it plan no is, kin it wol 15 jier duorje, foardat it foar de rekreaasje beskikber is. Mei skjinne bagger sa gau mooglik opfolje oan in hichte fan 2m boppe wetter en dan kin mei 5 jier it eilân foar de rekreaasje ynrjochte wurde. Earder en ek by de Raad van State wie der sprake fan minder smoarge bagger en in hichte fan 2m. Yn de MER wurdt útgien fan de Rengerspôle yn de besteande tastân. Dy is lykwols yn striid mei be stimmingsplan bûtengebiet (natoer/wetter). Wannear ûndernimt it kolleezje dêrtsjin aksje? Boppedat is it plan net toetst oan de fûgel/habitatrjochtline. Der sil in bosk ûntstean en wa is dan ferantwurdlik foar ûnderhâld en útfiering? Floe sit it mei de kontrôle by de oanlis (gefaar boartsjende bern)? De VVD is tsjin it foarstel, útsein de bou fan in kantoarunit. Van der Meulen: Is net gelokkich mei de hichte fanwege oantaasting iepen lânskip. Wat bin ne de konsekwinsjes as it plan ôfwiisd wurdt?. De Vries: De ynspraakreaksjes binne helder en de PvdA hat begryp foar de beswieren tsjin de lânskiplike ynpassing. De saak hat ek in oare kant. Provinsje en gemeente hawwe al sa'n 10 jier oerlis oer dizze saak en yn 2002 hat de gemeente in yntinsjeferklearing tekene. De boar- ger wol dúdlikheid fan de oerheid. De gemeente tsjinnet de belangen fan de boargers. Binne alle mooglikheden fan oare plakken wol besjoen? En de mooglikheid om earst op te foljen oant 2,5m FZP en dan nei sa'n jier as 5 nochris tebesjen hoe't de saak derhinne leit. Dan bin ne reinigingsmooglikheden fan fersmoarge bagger miskien fierder ûntwikkele. En hoe stiet it Side 2 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4