mei it tafersjoch by de oanlis (bern,yllegale stoart)? Is de impact fan 4,1 Om boppe NAP net troch kolleezje en provinsje ûnderskat? It wetterwegenet moat ûnderhâlden wurde en de ge meente hat derby syn ferantwurdlikheid. Mefrou Dekker, dy't net oanwêzich wêze kin, hat prinsipiële beswieren tsjin it foarstel fanwege lânskiplike gefolgen en it te min ûndersyk dêr- nei. De PvdA komt yn de twadde termyn miskien mei in moasje. Hemminga: lens mei protte earder makke opmerkingen. De provinsje kin hâlden wurde oan de yn in brief fan 7 july 1995 oanjûne hichte fan 2,5m. Opslach is nedich, mar der soe op de Rengerspôle noch wol wat romte te kreëarjen wêze. Hat ek fragen oer tafersjoch en wachtet earst moasjes óf. Wethâlder Bouma: De eksakte hichte yn de bou-oanfraach is 3.60m boppe NAP. It kolleezje hat der net foar keazen om earst wersjenning bestimmingsplan bûtengebiet óf te wachtsjen. Yn de MER binne de ferskillende soarten bagger de revue passeard. De provinsje moat 2.000.000 kub bagger kwyt en der binne noch mar twa depots en mei dit depot soe foar 600.000 kub plak hawwe. De miljeufergunning is foar 10 jier útjûn en it kin mei de ófwurking mei-inoar wol 1 5 jier duorje. Der is net wat feroare by de oanfraach: yn de pleitnota fan de gemeente by de Raad van State wurdt útgien fan in taludhichte fan 2.1 Om en in opheging nei 3.60m. Sa stie it ek op de boutekeningen. Zijlstra: Hat de ried doedestiids de tekeningen mei de hichte fan 3.60m. ûnder eagen hân? Wethâlder Bouma: De tekeningen lizze no op besjen en de âlde en nije tekeningen litte desel- de hichte sjen. Wit net oft de ried doedestiids de tekeningen ynsjen kinnen hat. De konse- kwinsjes by ófwizing sille wêze, dat by elke meter leger der minder baggere wurde kin en dat de stoartkosten heger wurde. Dat sil foar de gemeente finansjeel dngeunstiger útfalle. De ried moat beslute oer de lânskiplike ynpassing. De reiniging en tafersjoch wurde regele binnen de miljeufergunning en dat wurdt troch de provinsje regele. It kolleezje hat by de hichte de Ren- gerspóle op de achtergrûn derby belutsen. Is net op de hichte fan de troch de hear Hemminga neamde brief. It mooglik brûken fan de Rengerspóle foar opslach bringt kosten mei him mei. Der moat jûn in maksimale hichte oanjûn wurde, dy't lânskiplik akseptabel is. Twadde termyn De Vries: It giet om de lânskiplike ynpasberens. len meter leger betsjut stiging fan kosten en by twa meter leger moat der op in oar plak yn Fryslân in baggerdepot fûn wurde. As de yn- spraakreaksjes begrdne ferklearre wurde, dan wurdt it hiele plan op slot set. Fielt der mear foar om no in hichte fan 2,5m boppe FZP as maksimale hichte oan te jaan en by it berikken fan dy hichte nei in jier of fiif opnij te besjen oft der noch in kop op moat. Tsjinnet moasje yn. (Sjoch bylage). De foarsitter: De moasje wurdt ûnderdiel fan it besprek. Janse: Beswier benammen tsjin hichte depot. Miljeuproseduere hat west en dêrom kin de ried net folie ynfloed mear op stoarten fan bagger klasse III en IV útoefenje. Is it iens mei de moasje fan de PvdA. Wol ynsjoch yn juridyske konsekwinsjes as de ynspraakreaksjes foar net begrdne ferklearre wurde: leit it dan frij om wol nei de 5m te gean? Van der Sluis: It is lânskiplik net ynpasbar. Der soene wol oare plakken foar bagger wêze: by brêgen of byg. by Fonejagt. Net heger as 2m boppe wetter, eventueel 2,5m, mar dan gjin bagger yn de klasse III en IV. De ynspraakreaksjes foar grundearre ferklearje. Side 3 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 5