Van der Meulen: De hichte fan 2,5m is akseptabel. De gemeente hat wol bestjoerlike ferant- wurdlikheid foar it tekoart. Net dúdlik genôch west nei de provinsje oer hichte. Der sil nei in oar plak yn de gemeente socht wurde moatte. Hemminga: De brief fan 7 july 1995 is by de gemeente op 10 july 1995 ûntfongen. Moat yn it argyf sitte. Kin him fine yn de moasje fan de PvdA, mar slút him oan by de opmerking fan de hear Janse oer de juridyske status. Wethâlder Bouma: De fraach oer de eksakte juridyske status moat útsocht wurde. De ried moat in beslút nimme. It kolleezje warskôget foar de finansjele konsekwinsjes. Frisia sil allinne mei droege grûn opfold wurde. De foarsitter: De ried bepaalt oft sy baas bliuwe wol oer de maksimale hichte. Hy slút de gearkomste tydlik foar sa'n 10 minuten. Tredde termyn Wethâlder Bouma: de beswieren moatte ûnbegrûne ferklearre wurde dat de ried sa dwaande seis de hichte oanjaan kin. De Vries: Omdat der wat betizing is oer mjitterminology (FZP-boezempeil) wurdt der yn de moasje útgien fan in maksimale hichte fan 2m boppe NAP ynklusyf ôfdekking. De gemeente moat syn ferantwurdlikheid kinne en dêrom wol de PvdA klasse III en IV der net úthelje. As de hichte berikt is, dan sil de saak opnij besjoen wurde moatte. De beswieren wurde foar ûn- begrûne ferklearre, wylst de ried it foech oer de hichte fan it depot hâldt. Wol oan de moasje op bledside 2 as punt 3 taheakje: 'dat de kosten van onderhoud en toezicht niet bij de ge meente komen te liggen'. Janse: Wol punt 1 fan de moasje oanfolje mei: 'en breder in Friesland.' De Vries: Wol soks oan provinsje net oplizze. Earst yn eigen gemeente sykje. Mei it each op priisûntwikkeling en tal km dat men kwyt wol, hat de provinsje in ferplichting ek oars yn de provinsje romte te sykjen. Van der Meulen: De foarstelde oanfolling (punt 3) sil slaan op ûnderhâld nei oplevering. Der sil gjin begroeiing tastien wurde moatte. Swiere klassen kinne miskien op oare plakken as Trije Flus stoart wurde om rekreaasjemooglikheden te fergrutsjen. Van der Sluis: De moasje dy't de VVD achter de hân hie, skeelt in heale meter. Bagger ll/IV kin op dat plak net en dêroer sil de VVD mei in oanfolling op de moasje komme. Boarnsterhim hat seis mar in bytsje bagger yn dy swiere klasse. Der moatte gjin beammen op it stoart ta groei komme. De rekreaasje sil wat oan it eilân hawwe moatte. De foarsitter: De foarstellen fan de hear Van der Meulen en de hear Van der Sluis binne su- bamendeminten. Janse: Is it net iens dat de ried earder net dúdlik genôch oer hichte west hat. De ried hat al- tyd op lege útfiering hammere. Van der Meulen: Der hat noait in dúdlike útspraak west fan de ried yn de sin fan 'ta dy hich te en net fierder'. Side 4 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6