Janse: Yn de kommisje is der wol dúdlik oer sprutsen. Yn it ram fan it bestimmingsplan koe der formeel net oer praat wurde. De beswieren binne diels begrûne: dat de hichte 3m wurde moat. It Fryske Gea is yn de proseduere oer klasse lll/IV yn it ûngelyk steld en de gemeente soe dan ek noch folie kâns meitsje. it soe moai wêze as it earne oars hinne kin. Hemminga: GB kin him fine yn moasje en aksepteart klasse lll/IV. Miskien kin der by de yn- rjochting oplossingen fûn wurde dy't de rekreaasje te'n goede komme. Wethâlder Bouma: It kolleezjefoarstel wie helder. It kolleezje wol op grûn fan art. 19 prose duere de oanfraach honorearje en riedt op grûn dêrfan de moasje óf. In depot mei in legere tastiene hichte sil djoer útfalle fanwege de hegere stoartkosten. De gemeente krijt de rekken foar bagger dy't de gemeente kwyt wol. It twadde part fan de moasje is net dúdlik. Dan bet ter in hichte fêststelle en in oare lokaasje sykje, dat ek net sûnder kosten ferrinne sil. De foarsitter: Der leit it kolleezjefoarstel, de moasje fan de PvdA, in subamendemint fan de hear Van der Meulen oer begroeiing (keal hâlde, heechút in heale meter) en in subamendemint fan de hear Van der Sluisjgjin bagger klasse lll/IV). Yn omkearde folchoarder wurdt hjiroer stimd. Subamendemint Van der Sluis: Fersmiten, allinne VVD foar. Janse: Tsjin omdat in proseduere gjin kâns makket. Subamendemint Van der Meulen: Oannommen. PvdA-moasje: Oannommen. VVD tsjin. Fjouwer oanwêzige fraksjeleden PvdA foar. It kolleezjefoarstel is dêrmei fersmiten. 7. Foarstel om it fersyk om planskea eks artikel 49 WRO foar it perseel Grytmanswei 7 te Akkrum yn behanneling te nimmen Soeten: Yn ferliking mei âlde bestimmingsplan is der sprake fan ferbettering: fan yndustryter- rein nei bestimming wentebou mei mooglikheid bedriuw. Der kin dan ek gjin sprake fan plan skea wêze, omdat der gjin neidiel ûntstiet, earder in foardiel. Dêrom wol PvdA dit fersyk om planskea ófwize. Wethâlder Bouma: Troch de artikel 19 proseduere dy't de ried tapast hat, is der in juridyske titel om planskea oan te freegjen. De boarger hat it rjocht dêrta. De ried hat foar behanneling besletten om it SOAZ om advisearring te freegjen. Twadde termyn Janse: De ried hoecht it advys net te freegjen. Dizze saak leit hiel dúdlik en dêrom ynstim- ming mei foarstel fan de hear Soeten. Van der Meulen: Stipet it foarstel. Flemminga: Slút him dêrby oan. Bouma: Tinkt der ek sa oer. Wethâlder Bouma: De ried wurdt frege om it yn behanneling nimme te litten. Ynkoarten oerlis mei SOAZ oer in tal saken. De oanbelangjende persoan kin beswier meitsje tsjin it riedsfoar- stel. De foarsitter: De ried wiist it fersyk om planskea unanym óf. 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7