Side 6 8. Tariedingsbeslúten: Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it doarp Wergea Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel ta beneaming bestjoerslid Stichting Tusken de Marren Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta fêststelling Miljeuferslach 2002 en miljeuprogramma 2003 Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar foar de oanlis fan in fytspaad by de Heerenzijlbrug te Terherne Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanlis fan in reinwetterrioel en fuotpaad yn Biensma te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel ta it fêststellen fan de jierrekken en it jierferslach 2002 Roorda: Wurdearring foar presintaasje fan ferslach en rekken. Akkountant hat it mei in 7 wurdearre en no opgean foar in 8. portefúljehâlder hat tasein dat it kolleezje oan de slach gean sil mei troch de akkountant neamde ferbetteringspunten. Wol op twa saken djipper yn- gean. Al sa'n 5 jier binne der finansjeel problemen mei it ynhieren fan eksterne help/advizen en ek it grûnbedriuw bliuwt hingjen. It liket in struktureel probleem te wurden om dy saken ûnder kontrôle te krijen. Freget aksjeplan fan kolleezje oer ynhieren eksternen en advyskosten. Noch altyd is der gjin grûnkeamer oan de slach. Alle fraksjes soene derfoar in kandidaat lever- je. De portefúljehâlder hat oanjûn dat it probleem dêrby benammen foech en funksje fan de leden wie. PvdA wol dat de grûnkeamer út ein sette sil en dy kin har eigen taken wol fêststel- le. It boargerjierferslach hat yn de kommisjegearkomste hast gjin omtinken krige. It is be- skriuwend fan aard mei opmerklike ynformaasje: 300 petearen kolleezje mei ynwenners, 600 klachten/meldingen oer grien en strjitte-ûnderhâld (Wat is der mei dien?) en (posityf) 15 dia manten echtpearen. Lokwinsken foar boargemaster en amtners foar dit earste nûmer. It oare jier graach wat mear ynformaasje út boargerpanel. Stimt yn mei it foarstel. Bijlsma: De jierrekken is wichtich foar ferantwurding kolleezje en foar kontróle troch ried. Dêrby wurdt in rekkenkeamer mist. Omtinken foar opmerkingen akkountant, û.o oer te lette ferantwurding by hegere kosten. De ried moat ommers de finansjele kaders oanjaan en hat it budzjetrjocht. Jout as foarbyld it mear útjaan fan goed 1000,- by 'Friesland vaart'.De mearútjeften fan 70000,- foar sportakkommodaasjes is foar regulier ûnderhâld. Dit is ek foar 2003 opnommen, mar it is de fraach oft dêrmei de gemeente frij is fan grut ûnderhâld. Is it net tiid dat der in foarkalkulaasje foar Wergea-West komt? En wêrom is by Grou-Noard de kosteferdieling oer in tal relatearre kompleksen net ta stân kommen en hokker kompleksen wiene dat? It jierferslach en it boargerjierferslach jouwe in folslein byld fan wat him yn de gemeente ôfspilet. Mooglik kin yn it léste ferslach yn de takomst wat mear ynhâldlik op de saken yngien wurde. De gemeente hat in twatalich belied fêststeld. Dat is by beide ferslaggen net bard. Mar bliid mei de Fryske ferzje oan de rjochter kant. De doarpsfisys ûntbrekke, wylst dêr in grut tal f rij willigers oer te set binne, dy't ek bepaalde ferwachtingen hawwe. Wol graach de miening fan de ried dêroer. De FNP wol oan de grûnkeamer meidwaan as de taken en de ynhâld dêrfan bekend binne. 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8