De Vries: Wat hat diskusje oer doarpsfisy mei dit agindapunt te meitsjen? Bijlsma: It is net folslein helder wa't mei doarpsfisys dwaande is en hoe't dy ûntwikkele wur de. Wurde der gjin ferwachtingen wekke dy't aanst by de begrutting net wiermakke wurde kinne. It jierferslach hat it oer sa'n 60 frijwilligers. De Vries: It is in wichtich Onderwerp, mar it past no net op dit plak. De foarsitter: Stelt foar dat it Onderwerp foar in ynhâldlike behanneling op de aginda fan de kommisje komt. Postma: Oare jierren hat FNP altyd foarstellen oer besteging oerskot. Hie no foarstellen fer- wachte hoe't it tekoart no dutsen wurde moat. Bijlsma: De FNP stimt yn mei de 4 foarstellen. Postma: Guon punten wurde by jierferslachbehanneling net konkretisearre. Dêrom bliid mei de aksjepunten fan it kolleezje. Feitlik hat men by in jierrekken te meitsjen mei in stik skiednis, mar der is wol wat om fan te learen. Men moat der ek bliid mei wêze dat akkountant jierrek ken goedkard hat. De doelmjittigens wurdt oan it kolleezje oerlitten. En hat de ried, kaderstel lend en kontrolearjend, wol it ynstrumintarium om dy doelmjittigens fêst stellen? Hy tinkt fan net. Der misse noch in tal saken, lykas de optimalisearring fan de kostetarekkening en dy is wol nedich foar it fêststellen fan doelmjittigens It kolleezje wol de planning en control oan- skerpje en dêroer mei in fisy komme. It moat lykwols mooglik wêze om in planning en conrol- syklus te kommen dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2004 útfierber is. Dêrsûnder wit de ried net hoe swier ynset wurde moat op programma- en projektbegrutting. Oerstigingen budzjet op 'e tiid oanjaan en it moat dúdlik wêze wat it kwalitatyf en kwantitatyf opsmyt. Finansjele po- sysje is soarglik en it eksploitaasjeperspektyf fan it grûnbedriuw jout net folie perspektyf. Feit- lik is der in negatyf resultaat fan 377000,- yn in tiid dêr't it der net better op wurdt. De ried moat stribje nei in optimale behearsing fan jildstreamen en prioroiteiten stelle en dêrby be- skikke kinne oer in goed toetsynstrumintarium. GB stimt yn mei de foarstellen. Komplimint foar it boargerjierferslach. Haldt yn omtinken dat it lêsber bliuwe moat foar boarger. Bouma: Hat yn kommisje al tal opmerkingen makke. Der moat mear mei dy opmerkingen dien wurde. It kin noch wol better. It is urgint dat der no ris in grûnkeamer komt. De BOBOF-sifers binne noch net kontroleard. Kredytoerstigingen moatte op 'e tiid synjalearre wurde en it ma nagement moat de saken swart op wyt sette en net fan fage ferwachtingen útgean. Gerbrandij: It neidielich saldo wiist derop dat men fierder mei it jild is as de tiid. De manage- mentpunten op side 8 kinne in goed hânfet wêze om gryp op de saak te krijen. Yn de maai- tiidsnota sil mei de opmerkingen fan de akkountant en de riedsleden rekken hélden wurde moatte. Neffens art. 189, lid 3 fan de gemeentewet moat de ried derop tasjen dat de begrut ting yn lykwicht is. Kompliminten foar it Frysk en it boargerjierferslach. It CDA stimt yn mei de foarstellen. Wethâlder Van den Berg: Het college gaat voor meer dan een zeven. Het actielijstje is een aanzet daartoe. Wat betreft opmerkingen over inhuur van derden moet niet vergeten worden, dat bepaalde werkzaamheden door moeten gaan, omdat daar indertijd voor gekozen is. Het grondbedrijf is eenzorgenkind. De grondnotitie is bijna klaar en daarover zal met de commissie gesproken worden. In de commissie is voldoende over 'Friesland vaart' gesproken. De ont wikkeling dorpsvisie zal ook in de toekomende tijd de nodige aandacht krijgen. In de commis sie is door college en accountant veel informatie verschaft om kaderstellende functie van de Side 7 04. Notulen 20 maaie 2003/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 9