Wethâlder Van den Berg: Past alhiel yn de kearntakendiskusje De rinte kin dit jier net brûkt wurde. Bijlsma: Kin him dêr net alhiel ynfine. It earste healjier is de rinte noch net brûkt. Der bin- ne al safolle oansetten jûn ta Ontwikkeling frijwilligersbelied. Der is in ryksbydrage (3x €11.00012.000) en der moat no mei út ein set wurde om dy net te feriiezen. Dekking út rinte reserve Nij Belied en eventueel meinimme yn kearntakendiskusje. De Vries: Is derfan útgien dat ryksbydrage net ferlern gean soe as it nei de kearntaken diskusje ferlein wurde soe. Wethâlder Van den Berg: Wit net oft it gefolgen hat foar ryksbydrage. Dit jier is der gjin rinte op reserve Nij Belied. Wethâlder Van den Berg: It jild kin dus yn septimber noch frijmakke wurde. Mei allinne de FNP foar wurdt it foarstel ôfwiisd. Punt 4 (foarstellen side 33): De foarsitter: Der is in tasizzing dat it fytspaad Warten-Warstiens yn de kommisje komt. De Vries: De WIW en de doarpswachten komme beide yn maaitiidsnota foar. De 50.000 is ynsidinteel en de 53.600 is eins foar 2004 en komt dan by punt 5. Freget oft dat klopt. Der is ynstimming mei de 50.000. Wethâlder Jonkers: Dat is correct. De Vries: De 35.000 foar berne-opfang 2004 net ferjitte. De foarsitter: Hoe wurdt dat dutsen? De Vries: Dat sil yn de kearntakendiskusje besprutsen wurde moatte. Wethâlder Van den Berg: Begrypt dat dy 35.000 yn de kearntakendiskusje sûnder mear dutsen wurde sil. De foarsitter: De ried hat him dat seis as taak oplein. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Punt 5: De Vries: Wol dat de ried oer de ynfolling fan de 53.600 letter noch meiprate kin. Wethâlder Van den Berg: Dêr kin seker noch oer praat wurde, omdat men noch net wit hoe't alles rinne sil. Janse: As de 500.000 foar doarpsfernijing meinommen wurde kin yn de kearntaken diskusje dan kin de FNP mei punt 5 ynstimme. De foarsitter: Hat dêr net in foarstel oer heard. Side 12 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 14