Bouma: Fynt wol as de FNP dat de sterke ferheging fan de post doarpsfernijing yn de kearntakendiskusje besprutsen wurde moat. De foarsitter: It giet der no om oft de ried mei wat der foar leit ynstimme kin. As de ried yn oktober in oar paad opgean wol, dan kin sy fan har foech gebrûk meitjse. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 4. Project Groene Ruimten Akkrum, onderdeel Coopersburg Soeten: De reserves WVG binne yn de takomst nedich foar boarterstunen, taksyferfier, ensfh. Der komt foar dit plan 66.943 út kredyt 'opheffen knelpunten gehandicapten'. Neffens kolleezje is de klankboerdgroep belutsen west by it plan en oer de gong fan sa- ken ynformearre. Ut in brief fan mefrou Kooistra-Toussaint moat begrepen wurde dat der allinne in meidieling fan it kolleezje west hat. Neffens PvdA, FNP en VVD is dat net net- sjes. Hjir binne frijwilligers bot teloarsteld. It amendemint fan PvdA, FNP en VVD hâldt yn dat de 66.943 út de pot 'Bovenwijkse Voorzieningen' komt en dat der oerlis komt mei de klankboerdgroep om te sjen wat der wol komme kin út de WVG-jilden. De ynvestear- ring yn de tún komt wol oerien mei it frege bedrach út de WVG-pot. Janse: It is in prachtich projekt. Gjin probleem mei proseduere en kapitaallêsten. Men kin lykwols net sa mar in raam dwaan út de pot WVG. De klankboerdgroep moat om advys frege wurde foar maatregels en jild. Maatregels kinne allinne út de pot betelle wurde kin- ne dy't net yn in ûnderhâldsprojekt of nij projekt realiseard wurde kinne. Oan beide be- tingsten is net foldien. It slimste is dat de klankboerdgroep oan de kant skood is. Dit is in djiptepunt yn de kommunikaasje. It amendemint moat ien en oar rjocht sette. Bouma: Stiet achter it amendemint. Wethâlder Bouma: It kolleezje hat wis wol rekken mei frijwilligers. Der wurdt al fanôf 2001 oer dit projekt praat. De klankboerdgroep is ynformearre en hat advys jûn. De skriuwster fan de brief wie doe net oanwêzich by de klankboerdgroep. De pot 'Boven wijkse Voorzieningen' is al foar 85% mei claims belein. De pot soe leech wêze as it jild foar it projekt brûkt wurde soe en ûntriedt dêrom it amendemint. Twadde termyn Janse: Net allinne ôfgien op de brief, mar mei oare leden fan klankboerdgroep kontakt hân en dy dienen itselde ferhaal. Helje it út de 'Bovenwijkse voorzieningen', mar it mei ek út de pot Tusken De Marren. Gean blanko nei de klankboerdgroep om yn oerlis te sjen wat noch te krijen is. Soeten: De PvdA fynt dat de kommunikaasje net goed west hat en der moat nij oerlis komme. De Vries: As der oerlis komt om de kommunikaasjeflaters op te heffen en men kin it iens wurde oer de finansiering, dan kin de 'Bovenwijkse Voorzieningen' as in hypotetyske boarne brûkt wurde. Van der Meulen: Fynt de ferûntweardiging swier oanset. It is fersneld nei de ried fanwe- gen subsydzje. Net tsjin op oerlis, mar kin it fertraging fele? Side 13 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 15