Bouma): De brief serieus nimme. De dekking út WVG minder geskikt. As de pot 'Bo- venwijkse Voorzieningen' hjirtroch leech rekket, dan is dat mar sa. Wethâlder Bouma: It kolleezje giet yn oerlis mei de klankboerdgroep om ien en oar op in rychje te setten. De finansiering graach út de WVG. Yn it ferline wie de klankboerdgroep it iens mei de finansiering. Wethâlder Van den Berg: It oerlis hat der yn it ferline wol deeglik west û.l.f. Stichting Partoer. Hat seis gjin brief ûntfongen. De ried hat yn it ferline altyd foar dit plan in be- drach oanjdn sjoen út de WVG-jilden. Janse- Net sjoen dat it foar Akkrum foar dit projekt sa ynfold west hat. It amendemint stelt foar om earst út 'Bovenwijkse Voorzieningen' jild te heljen en dat letter nei oerlis te ferfangen troch WVG-jild. De foarsitter: De twadde reden yn it amendemint 'De klankboerdgroep handikaptenbe- üed is net om adfys frege' stiet heaks op de útspraken fan it kolleezje. Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter iepent om 17.20 oere de gearkomste wer. Janse De dekking hoecht net perfoarst út de 'Bovenwijkse Voorzieningen'. It kin ek ut de algemiene reserve. Reden 2 en 3 ferfange troch: 'Der is mei de klankboerdgroep ûn- foldwaande kommuniseard.' Mefrou Dekker: Yn de earste termyn noch net it antwurd fan de wethâlder heard. Hat beqrepen dat der wol oerlis west hat en dat wethâlder taseit om opnij yn oerlis mei de klankboerdgroep te gean. Dat is mei inoar foldwaande om tsjin it amendemint te wezen. Van der Meulen: It CDA slút dêrby oan. Wethâlder Bouma: It kolleezje is net gelokkich mei de léste reden dat der ûnfoldwaande oerlis west hat. Der hat hjir en dér wat miskommunikaasje west. It oerlis wie al fanof 2001. It kolleezje fielt der wol foar om it foarlopich út de algemiene reserve te heljen en yn it oerlis de definitive dekking fêst te stellen. De Vries: De yntsjinner hat dy mooglikheid al oanjûn. Wethâlder Bouma: Dér kin it kolleezje him dan yn fine. Mar leaver ek gjin ferfanging fan punt 2 en 3 fan de reden. De foarsitter: Oer dekking binne ried en kolleezje it iens. Der leit tasizzing fan oerlis en it is de fraach oft it amendemint noch nedich is. Janse: De kommunikaasje wie ûnfoldwaande, mar wol mei tasizzing wethâlder it amen demint wol ynlûke. Mefrou Verkerk: De kommunikaasje is ûnfoldwaande, omdat it oer in hiele tiid, fan 2001 oant no, giet. In petear in pear moannen lyn hie dit foarkomme kinnen. Soeten: Is it mei de foarige sprekkers iens. Side 14 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 16