Grou, 16 juny 2003 Amendemint Maaitiidsnota 2003: De gemeenteried fan Boamsterhim, yn fergadering op 16 juny 2003, draacht it kolieezje fan B&W op; Meitsje foar de ried in list mei útstellen yn de oarder fan grutte fan 5% fan de begrutting op grûn wêrfan de ried yn de hjerst belied-ôfwagings meitsje kin by it opstellen fan de programmabegrutting 2004. Hanteaije derby de folgjende ferdieling; - 30% út de organisaasje - 30% fermindere útfiering fan taken - 30% taken net mear útfiere - 10%ynkomstenfergrutsje De útfiering; foarmje in riedsbrede wurkgroep (út eltse ffaksje in riedslid) foar begelieding (kontrôle en stipe) fan dit proses. De ffaksje fan de PvdA

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 21