BOARNSTERHIM gemeente N O T U L E N Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 17 juny 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear YDijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan Gemeentebelangen 2000: de hear H.G. Postma fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. De Jong fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-Van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers. Mei berjocht fan behindering ôfwêzich: de hearen N.Boringa, J. Hemminga en mefrou T.D. Troost-Akkerman (GB) en de hear D. van der Meulen (CDA) 1. lepening. De foarsitter hjit alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim fan herte wolkom op dizze léste gearkomste foar de simmerfakânsje. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Gjin wizigingen. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 20 maaie 2003. Bijlsma (FNP): Op side 6 oanhelle mei de wurden: 'De doarpsfisys ûntbrekke'. Dat is net sein en der is sein en bedoeld: 'It proses fan Ontwikkeling fan doarspfisys is tige wichtich en dat de ried dêr net by belutsen west hat.' Gerbrandij: Op side 5 moat by de stimming oer de PvdA-moasje de sin: 'Fjouwer oanwêzige fraksjeleden PvdA foar' weilitten wurde. Mei dizze wizigingen goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 6: 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 22