Bijlsma: Wol graach de konsekwinsjes nije wet Bystân en Wurk yn de kommisje behannele hawwe wolle. De foarsitter: Kin fia omwei oan dy winsk foldwaan, omdat oare partikuliere partijen dy winsk ek nei foaren brocht hawwe. Nûmer 13: Roorda: Op 10 novimber is de dei fan de mantelsoarch. De organisaasje ropt de gemeenten op om dêr omtinken oan te jaan. Wol dat it kolleezje oan dy oprop foar Boarnsterhim gefolch Nûmer 10, 11 en 12: Zijlstra: Wol graach witte hoe't dy saken ôfhannele wurde. Bouma: Freget him óf hoe't dat útpakt. len fan de skriuwsters seit dat gemeente net op brief reagearre hat. Giet derfan út dat dat wier is. Nûmer 19: Bijlsma: It punt dêr't de kliïnteried omtinken foar freget mei it each op feiligens graach styp- je. De foarsitter: De portefúljehâlder sil mei de fakkommisje de saken fan nûmer 10,11 en 12 besprekke. Der wurdt konfoarm besletten. 6. Foarstel oangeande de Pilot Talentondersteuning Boarnsterhim. Roorda: Al yn de kommisje oanjûn dat sport wichtich is foar leefberheid gemeente en dat dêr jild foar ynset wurdt benammen foar knipepunten as jongeren 12-18 jier en 50-plussers. It foarstel giet om topsport en talintsintra. Ambisjeuze spearpunten dy't foar in grut plak as byg. it Hearrenfean helber binne, mar net foar Boarnsterhim. De fraksje is net op it foarstel tsjin, omdat it om in lyts bedrach en in pilot giet. Mei ien betingst: de stipe moat ynset wur de foar jeugdige amateurtopsporters. Wethâlder Jonkers: Het is een klein onderdeel van de sport. Het is een solidariteitsbijdrage aan het Olympisch Steunpunt Noord Nederland. De bijdrage is vooral gericht op de eigen sportertjes en die kunnen er iets aan hebben. Het geldt niet voor topsporters. Dit zal scherp bewaakt worden. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanlis fan in fytspaad lâns de Bût- lânswei te Jirnsum. Postma: Yn 2002 hat ried besletten ta oanlis fytspaad Jirnsum-rotonde Bûtlânswei. 'Voortschrijdend inzicht' dy't te meitsjen hat mei it bedrach fan 107.000 foar 800m fyts paad liedt ta oprop ta herprioritearring. Der sit gjin subsydzje op en de situaasje kin ek feili- ger makke wurde troch by it stik ein 30km zône-rotonde in fytspaad oan te lizzen. Wethâlder Van den Berg: De woorden van de heer Postma zijn eerder aan de raad gericht dan aan college. De raad heeft destijds op fietspad aangedrongen. De Vries: De mooglikheid om ta in nije ôfweaging te kommen moat der wêze. Mar it fyts paad is al lang winske en de ynwenners fan Jirnsum wolle dúdlikheid en dêrom moat it trochgean. Foar de takomst kin men der wol wat fan leare. Side 2 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 23