Janse: Yn de doarpsfisy fan Jirnsum is de oanlis fan in fytspaad fan de Sylsbrêge nei de ro tonde fanwege ûnfeilige situaasje in grutte winsk. Van der Sluis: It is in tige gefaarlik plak en dêrom bliuwt de VVD foar it foarstel. De Jong: It wurdt allinne mar urginter. Postma: It stânpunt fan de oare partijen is dúdlik. It trasee is lytser as FNP krekt oanjoech. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta fêststelling fan it "Woonplan" fan de gemeente Boarnsterhim. Mefrou Dekker: Bliid mei it Wenplan. It stie ek yn it ferkiezingsprogram fan de PvdA. Tige ynnommen mei argumint 2 ('Een vastgesteld Woonplan geeft duidelijkheid over het wonen- beleid van de gemeente.') Wol graach sa gau mooglik in oersjoch fan (nije) bestimmings- plannen, wêryn't tijdsplanning, bedraggen en doarpsfisys meinommen wurde. Neamt noch in tal positive saken út ynspeksjerapport foar gemeente. Yn it plan stekke 4/5 lytsere plannen. Kinne dy net yn ien kear ferwurke wurde? len kear yn de 2 jier opnij besjen. De oanfollingen op it Wenplan hawwe dúdlike ferbetterings brocht. Freget omtinken foar legere hieren. Janse: Sibrandabuorren, Raerd, Jirnsum, Aldeboarn en Wergea binne yn ynwennertal tebek- gien, wylst de gemeente yn deselde perioade mei 11% groeid is. Yn 1993-2003 noch slimmer weromsakke as by de weryndieling. Mei de ta 2010 te realisearjen wenten yn dy doarpen sil allinne yn Wergea it ferlies goed makke wurde kinne. Der hat dan yn 2010 sa'n 30 jier lang gjin groei yn dy doarpen west. Der moat in fisy komme op de befolkingsgroei yn de doarpen en dêr moat de ferdieling fan de kontinginten oant 2010 op rjochte wêze. In oannimlike groei fan 1983 óf liket de FNP foar de lytse doarpen 0-2%, foar lytse en middel- grutte doarpen 6-10% en foar Grou en Akkrum 20-30%. Dat kin út de oppluspot fan 251 wenten en de knipepuntepot 2004. De kritearia fan de provinsje, earst werstrukturearring, dan ynwreiding en útwreiding, liket net sa geunstich foar de lytsere doarpen. De werstruk turearring fynt oant 2006 allinne plak yn Akkrum en Grou (goedkeape wenten en wenten foar bepaalde doelgroepen passé dêryn). Ynwreidingslokaasjes binne hast allegearre al yn- fold. Utwreidingslokaasjes binne der suver net. Foar Jirnsum is der ien projektearre en der wurdt allinne wurke oan ien yn Akkrum-Súd. Der moat no út ein set wurde mei it meitsjen fan bestimmingsplannen foar de lytse en middelgrutte doarpen. Docht it foarstel om dêr no mei te begjinnen. Heakje de passaazje ta oan it Wenplan oangeande de noed om it werom- rinnende oantal bewenners fan de doarpen. Brûk de neamde groeipersintaazjes as rjochtline yn it plan fan oanpak. Mefrou Verkerk: It útgongspunt fan de VVD is dat elk doarp nei skaal in tal wenten taskikt krijt dy't geskikt binne foar soarchferliening. De ekstra wenningkontinginten sille foar dy lyt se doarpen brûkt wurde moatte. Foar de wenningtype 10% hier en 90% keap ynstee fan 5 en 95%. Yn de prijsklasse 25% goedkeap en 25% midddenheech ynstee fan 20% en 30%. It is fan tapassing op it reguliere wenningkontingint, mar it kin ek effekt hawwe op it ekstra wenningkontingint. CVO en BOSL soenen ek al problemen hawwe kinne mei hegere prijs klassen. Binne der wol genóch mooglikheden om it ekstra wenningkontingint wei tesetten nei de lytse doarpen? Foar wensoarch ek oare partners ynskeakelje as Woonwille. De be stimmingsplannen sa gau mooglik oanpakke en hoe fier is de amtlike organisaasje mei it Wenplan? Side 3 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 24