Postma: It hat in te langduerich proses west. Dêrtroch binne wenningkontinginten net goed brûkt. Der moat tempo makke wurde mei it mooglik meitsjen fan bouwen yn besteande be- stimmingsplannen of út de Ontwikkeling fan nije bestimmingsplannnen. Bouwe op fraach út de merk. Net alle sinnen útmilimeterje. Folgje in strategy fan 20% oerkommitearring. Dat jout letter mooglikheid foar korreksje.lens mei de kanttekeningen. Wol dúdlikheid hawwe oer persintaazjes: yn it stik 15,45 en 40% foar appartemint, resp. frijsteand en twa-Onder- ienkap en yn it Wenplan 5, 50 en 45%. Der moat in Ontwikkeling komme fan wensoarch- konsepten mei ferskate partijen. Yn ferliking mei oare gemeenten hat Boarnsterhim noch te min op de rit. Hat Woonwille ynstimming jûn? Hoefalle wenningkontinginten binne de léste 10-20 jier frijfallen troch ûntlûken wenbestimming oan wenten? Der is miskien in ynhelslach mooglik. Dan de fraach fan 251 oantoanbere tekoarten yn de goedkeape sektor. It persin- taazje wie yn 1998 61,8% en it winske persintaazje is 58,3%. Goedkeape hierwenten binne wenten mei in hier Onder de 275. It moat passend wêze by profyl en sosjale struktuer fan it doarp. Volumebou soe dan al gau nedich wêze. Wol in aksjeplan dat mear in oanfalsplan wurdt mei koarte konkrete útwurkingen, dat jierliks ek oan de kommisje foarlein wurdt. Wethâlder Bouma: It Wenplan is de basis. De opmerkings oer it hurd út ein setten mei be- stimmingsplannen. Oant en mei 2006 is it mearjierrebestimmingsplan fêstlein. Ynkoarten komt it oersjoch fan 2002. Mei dat fan 2003 is fansels al út ein set. Mefrou Dekker: Der is dochs in achterstén. Wethélder Bouma: De ynhelslach is mei it mearjierreplan útset. Sit goed op de rûte. Postma: De PvdA pleitet no foar fersnelde oanpak, lykas CDA en GB2000 earder ek frege hawwe. As dat sa is dér rekken mei hélde by begrutting 2004. Wethélder Bouma: Dy mooglikheid wie der doe net fanwege Ontbrekken amtlike en finan- sjele kapasiteit. Mefrou Dekker: As wy op skema sitte dan sa troch gean. Wethélder Bouma: As it heal kin sille de plannen yn ien kear oan bod komme. Soms moat lykwols in ûnderdiel, lykas dat fan de 251 wenningkontinginten, apart besprutsen wurde. Monitoaring fynt regelmjittich plak. Woonwille stelt de hierprizen fêst. Yn de werstrukturear- ring is der romte foar goedkeapere hierwenten. De 5/95% foar ferdieling hier/keap jildt foar de tafoegingen oan de wenningfoarried. Dan noch sil de winske ferhêlding noch net berikt wêze. De 15/45/40% yn it foarstel wykt yndied óf fan de persintaazjes yn it Wenplan. It jout de ambysje fan it kolleezje oan en it wie gjin reden om dêrfoar it hiele Wenplan oan te passen. Postma: It moat dúdlik wêroer't in stênpunt ynnommen wurde moat. Zijlstra: It Wenplan hat wite en giele siden. Wurde dy allegearre, dus ek byg. de petearen mei de doarpen meinommen? Wethélder Bouma: Befêstigt dit en dat jildt ek foar persintaazjes yn de kanttekeningen. Yn it streekplan fan de jierren 90 wie sprake fan in oare ferdieling en dêrnei binne 300 wen ningkontinginten ynlevere. It aardige is dat no wer 251 weromkomme. Alle war dwaan om dy wenningkontinginten wei te setten. Miskien fia art. 19 proseduere. Side 4 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 25