Janse: De provinsje sil net meiwurkje oan art. 19 proseduere foar dy 251 wenningkontingin- Wethâider Bouma: Ynterpretearret dat oars. As it net binnen werstrukturearring of ynwrei- ding fait, dan sil in útlisgebiet mei goede Onderbouwing honoreard wurde. As men bepaalde groeipersintaazjes loslit op in doarp, moat men wol witte oft sa'n doarp dat wol. It wen- ningbehoefte-Ondersyk en ynformaasje PB (doarpsfisys) moatte dat ynsichtlik meitsje. Postma: Dy line is wol te folgjen. Plannen foar útwreiding Raerd binne hieltyd ôfwiisd en oant 2010 is der ek neat fan werom te finen yn it Wenplan. Janse: De doarspfisys binne krekt yn novimber klear en it aksjeplan stiet foar septimber op priemmen. Wethâlder Bouma: De ynventarisaasje hat dan wol plakfûn en oars sil eksplisyt kontakt mei PB opnommen wurde. De Vries: Hat begrepen dat yn septimber de needsaaklike ynformaasje der wol wêze kin en dat letter it yntegrale stik doarpsfisys wol foarlein wurde kin. Wethâlder Bouma: Woonwille is foar gemeente 'preferent partner'. Woonwille hat oerlis mei oare partners. Mefrou Verkerk: By nije projekten soenen oaren ek in kâns hawwe moatte. Wethâlder Bouma: Der binne partijen bûten de gemeente om dy mei fersiken om stedebou- kundige ynpassings komme. Postma: Hat Woonwille it rjocht fan eksklusiviteit foar alles wat der yn ús gemeente bart? Wethâlder Bouma: Nee, Woonwille is in 'preferent partner'. Provinsje hat sein dat it in goed Wenplan is. Sil suggestje 20% oerkommitearring nei amtlik apparaat meinimme. Troch be- swierprosedueres wurdt wentebou opkeard. Woonwille is akkoart. De ynsichtlikens by f rijf al len wenningkontinginten is tige lestich. Janse: Hoe fier is it mei dat ûndersyk? Wethâlder Bouma: It kolleezje sil derop oantrune. De foarsitter: Yn juny/july sil oan de ried yn in brief meidield wurde wannear't it komt. Wethâlder Bouma: It aksjeplan yn oktober sil in helder, oersichtlik plan wêze. Postma: Hoe sit it mei de fisy op de 251 oantoanbere tekoarten yn de goedkeape sektor? Wethâlder Bouma: De kritearia binne neamd. Dat kinne ek senioarewenten of keapwenten wêze. Twadde termyn Mefrou Dekker: Freget oan de hear Janse hoe't de persintaazjes ûnderboud binne. De PvdA wol him op foarhân der net op fêstlizze. Side 5 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 26