Janse: Moat sjoen wurde as rjochtline foar dy 251 wenten. Mefrou Dekker: Is dat mei de doarpen bepraat? Bliid mei it konvenant mei Woonwille. Kin ynstimme mei de 20% oerkommitearring. Yn konvenant kinne ôfspraken opnommen wurde oer omtinken foar legere hieren. Ynstimming mei punt 1, 2 (mei persintaazjes yn kantteke ningen), 3 en 4. Janse: It ferlet fan hier of keap is lestich yn te skatten. Foarlopich ynstimming mei ferdieiing 5/95%. It sil geregeld opnij besjoen wurde moatte. Bestimmingsplannen oanpakke omdat der oars foar lytse en middelgrutte doarpen, útsein Jirnsum, gjin útwreiding mooglik is. De wer- strukturearring fynt yn Grou-Akkrum plak. Foar de 251 wenningkontinginten earst nije be stimmingsplannen foar de lytse en middelgrutte doarpen meitsje en it updaten wat ferskowe. Yn it Wenplan de passaazje opnimme of taheakje dat de gemeente tige noed stiet foar it te- bekrinnend oantal ynwenners fan de doarpen. Dat is dan in ekstra argumint om kâns te meitsjen op tawizing. Ynstimming mei it foarstel. De Vries: is it iens mei FNP mei ferskowing oanpak bestimmingsplannen. De Jong: Is it iens mei de FNP. Spitich mei de no wat lette doarpsfisys. Ynstimming mei it foarstel. Mefrou Verkerk: Woonwille hat no 30% fan de hierwenten, wurdt dat dan 35%? De wen ningen yn de hegere prijsklasse soenen beswierlik wêze kinne foar Ljouwert. Foarsichtich omgean mei groei fan doarpen. Postma: Ynstimming mei Wenplan en reaksje op CVO mei twa kanttekeningen. Ynearsten de oanpaste persintaazjes en twads de posysje fan Raerd. Dat sil der no ynslúsd wurde. Is der wiis mei dat it aksjeplan it karakter hawwe sil fan in konkreet útwurkingsplan. De doarpsfisys en it wenbehoefte-ûndersyk moatte matcht wurde en fia riedskommisje moat soks fertaald wurde nei it aksjeplan en sa mei de ferdieiing nei de doarpen. It sil foar it kol- leezje noch hiel lestich wurde om de 251 oantoanbere tekoarten yn de goedkeape sektor (ek as men 275 hier kapitaliseart nei stichtingskosten) sa yn te foljen dat it passé sil by de so- sjale struktuer fan de doarpen. Bijlsma: Wol yn it ramt fan diskusje opmerke dat doarpsfisys der net earder as novimber wê ze sille. Wethâlder Bouma: Hat dêroer oare sinjalen. Reduzum is sawat klear. As it net slagget op koarte termyn mei PB-en oerlis fiere. De ynventarisaasje sil dan al plakfûn hawwe. Yn 1998 wie it persintaazje hierwenten 41 en is it belied ynset op 34% en letter noch op 29%. It is de fraach as dat léste persintaazje no noch aktueel is. De ynset yn it Wenplan is rjochte op nochris 5% hierwenten. Foar hegere priisklasse ek minsken yn gemeente fêsthâlde (byg. foar behoefte apparteminten). De gemeente kin oantoane dat der hiaten yn de ûnlykwichtige opbou sitte. De foarsitter: By punt 2 fêstlizze dat de sifers op side 3 mei it Wenplan fêststeld wurde. Postma: Foar Raerd wurdt yn de perioade 1999-2010 neat konkreets besletten en wol dat as amendemint by it Wenplan sjen. Side 6 04. Ferslach 17-06-2003/Foutl Onbekende naam voor documenteigenschap./6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 27