De foarsitter: Yn de 251 wenningkontinginten soe foar Raerd bysûnder omtinken jûn wurde kinne. Wol de hear Postma mear dúdlikheid dan in oanfoljend foarstel foarlizze. Janse: Hie 3 foarstellen: oare oanpak bestimmingsplannen, rjochtline groeipersintaazjes en passaazje oer noed tebekrinnen tal bewenners fan doarpen. De foarsitter: Hjir ek: foar dúdlikheid kin FNP oanfoljende foarstellen foarlizze. Wethâlder Bouma: Der stiet op de giele siden wol in reaksje fan it kolleezje op fersiken út Raerd. Fragen fan FNP binne rjochte oan ried. Postma: Wy nimme beslút oer Wenplan, dêr't neat konkreets oer Raerd yn sit, en de byla- gen falie dêrbûten. Janse: As wethâlder taseit dat de oare (sa as FNP foarstiet) programearring fan de bestim mingsplannen folge wurdt, dan hoecht gjin foarstel dêrta yn stimming brocht te wurden. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste om foarige sprekkers gelegenheid te jaan om oer de fraach nei te tinken oft der noch oanfoljende foarstellen oan de ried foarlein wurde moat- De foarsitter iepent om 22.00 oere de gearkomste wer. Postma: Betizing oer bylagen Wenplan. GB2000 giet derfan út dat allinne de bylage reaksje op CVO ûnder it beslút fait. Wol dat yn projektplan oant 2010 10 wenningkontinginten foar Raerd opnommen wurde as amendemint op it Wenplan. Janse: De rjochtline groeipersintaazjes hoecht net opnommen te wurden. Wol de oare oan pak fan de bestimmingsplannen. En as amendemint oan It Wenplan taheakje de passaazje, dat de gemeente tige noed stiet foar it tebekrinnend oantal ynwenners yn in tal doarpen. De foarsitter: Foar dúdlikheid moat de FNP mei in helder amendemint komme. Janse: Komt mei it foarstel om fêst te lizzen dat foar de doarpen mei in tebekrinnend oantal ynwenners ekstra wenningkontinginten beskikber komme (ek yn kombinaasje mei knipepun- tepot). Mefrou Dekker: De hear Postma hat gelyk mei betizing bylagen. Mar wêrom 10 wenning kontinginten en wêrom foar Raerd? Zijlstra: Hat fan de wethâlder heard dat de giele siden meinommen wurde. De hear Postma hellet allinne dat fan Raerd derby. Dúdlikheid dêroer. De Jong: It giet de FNP om 5 spesifyk neamde doarpen. Raerd is der ien fan. Wol tiidslimyt oer bestimmingsplannen. Mefrou Verkerk: Foar it amendemint fan de FNP en Raerd der net apart úthelje. Postma: De herprioritearring fasearing bestimmingsplannen is net ûnaardich, mar it hellet de planning oer de kop en der binne noch net it wenningbehoefte-ûndersyk en de doarpsfisys yn belutsen. Fan't hjerst besjen. Der is de ôfrûne jierren in belied oer wentebou opboud en it Wenplan is dêrfan de delslach. No net, mar mooglik yn oktober de saak oanpasse. Side 7 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 28