Wethâlder Bouma: De giele bylages jouwe rjochting oan. Yntusken hiel wat ynformaasje ynhelle: doe noch útgien fan ferdieling 25 wenten oer lytse doarpen. Wol net yngean op ek- sakte oantal foar Raerd. Oantallen binne no noch te prematuer. By ferdieling yn oktober sil de ynbring fan de doarpen mei fan ynfloed wêze. Is it oer it oanpassen fan bestimmings- planprogram iens mei de arguminten dêrtsjin fan de hear Postma. Yn oktober besjen wêr't oanpak nedich is. Fia art. 19 proseduere giet it gâns flugger. Provinsje is op de hichte fan winsken yn stedsregio en sil dat fêst belûke yn har opstelling. De Vries: Wy geane wat wenningkontingint oangiet fan situaasje fan krapte nei rojaal. Komt der no in match mei de winsken fan de doarpen sa't dy yn de doarpsfisys nei foaren komme? Wethâlder Bouma: Sa is it bedoeld. Postma: Wêrom Raerd nei foaren helle? Dat hat te meitsjen mei ferline. Raerd hat in tal kea- ren in stedeboukundich plan mei sketsen foar sa'n 10 wenten de ôfrûne 6 jier oan de ge meente foarlein. De ried hat dêr gjin útspraak oer dien. Omdat no de planning oant 2010 fêstlein wurdt en omdat dêryn Raerd net neamd wurdt, is it no it momint om dêr omtinken foar te freegjen. Janse: It giet om de prioriteit om de bestimmingsplannen oan te passen. Dêrsûnder is der yn de lytse doarpen hast neat mooglik. Ynwreiding is yn de lytse doarpen hast net mooglik en útwreiding stiet by de provinsje op it tredde plak. Betwifelet oft provinsje wurkjen mei art. 19 tastean sil. As no de prioriteit fêststeld wurdt, dan kin yn oktober bepaald wurde wêr't it dien wurdt. It belied op it mêd fan wentebou is yn it leste tiidrek ien fan in twongen ferdie ling It oppluskontingint yn it wenplan is bedoeld foar de lytsere doarpen. Der is genôch oer praat yn de ried en de rjochting is dúdlik sadat hy ft foarstel oer de ferdieling fan de wen- ningkontinginten weromnimt. Stipet it amendemint fan de hear Postma. De foarsitter: Bringt it amendemint fan de hear Postma yn stimming (yn it Wenplan yn de perioade oant 2010 foar Raerd 10 wenningkontinginten fêstlizze). De hearen Zijlstra en De Vries en mefrou Dekker (PvdA) stimme tsjin mei de ferklearring dat sy foldwaande fertrouwen yn de wethâlder hawwe dat yn dizze situaasje der ek wenning kontinginten foar Raerd frijkomme. Mei 8 stimmen foar en 5 tsjin is it amendemint oannommen. De foarsitter: Bringt it amendemint fan de hear Janse yn stimming (herprioritearring pro gramma bestimmingsplannen). Postma: Tsjin omdat it te prematuer is. Roorda: Tsjin. Ferwiist nei stimferklearring fraksjefoarsitter. De Vrie: Tsjin, omdat it net passend is en der noch ûnfoldwaande ynformaasje is. Hat fer trouwen yn kolleezje foar goede oanpak. Zijlstra: Hat foldwaande fertrouwen yn tasizzing wethâlder. Mei 7 stimmen foar en 6 tsjin wurdt it amendemint oannommen. De foarsitter: It foarstel (mei de oanfolling fan punt 2) en de 2 amendeminten leit foar. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. De Vries: Wol derop wize oft it net better west hie dat dizze diskusje yn de kommisje fierd wurden wie. Side 8 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 29