9. Foarstel ta it ûndertekenjen fan de "Samenwerkingsovereenkomst Herstructurering Frico- weg en omgeving te Wergea". Soeten: It earste werstrukturearringsprojekt mei Woonwille. It is de basis foar de folgjende projekten. Betelbere hieren binne nedich. PvdA wol graach tidens de útfiering ynformaasje oer de fuortgong. Graach op de hichte brocht hoe't dat bart. Ynstimming mei it foarstel. Van der Sluis: Mei it foarstel gruttendiels iens. Hoe kin it kostendekkend wêze oft men de opbringst út de kontinginten rúst op tusken de 200.000 en 300.000? Wol ek graach tusken- en einrapportaazje. Postma: Fanstastysk gearwurkingsprojekt tusken gemeente en Woonwille. Der wurdt in kompleks yn it grûnbedriuw iepene mei in bedrach fan 455.000 oan kosten. Der liket in soart hannel yn kontinginten te ûntstean. Dat is wat twaslachtich, want der moat ek sjoen wurde nei de winsk fan lege hieren. De nije hieren binne foar in protte bewenners in skok. Der soe yn de riedskommisje in prinsipiële diskusje komme moatte oer priisopdriuwing. Is men fersekere fan skjinne grûn? Is dêr in risiko en foar wa komt dat dan? Wethâlder Bouma: It moat in foarbyldplan wurde. Der wurdt in projekt iepene yn it grûnbe- driuw om it ynsichtlik te hâlden. Nei de simmer komt in totaalplan werstrukturearringen. De restearjende wenningkontinginten moatte in plak krije, miskien yn Wergea-West. Regelmjit- tich in jûn mei de ried foar ynformaasje, eventueel skriftlik. De provinsje hat 150.000 sub- sydzje tasein. Wethâlder Van den Berg: Niet ter ore gekomen dat er sprake is van bodemvervuiling. Het is integraal bekeken met Ruimtelijke Ordening en Milieu. Twadde termyn De Jong: it is in geweldich goed plan en benammen wiis mei wize hoe't mei de minsken omgien is. Van der Sluis: Tuskenrappportaazje kin koart en leafst skriftlik. Is bliid mei projekt. De Vries: Is nei oanlieding fan opmerking fan de hear Postma oer hannel yn kontinginten it folslein iens mei foarstel oer diskusje dêroer yn de kommisje. Wethâlder Bouma: Bliid mei goede wurden. Mei trije fearnsjier is der hooplik al wat sichtber fan it projekt. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel oangeande de jierrekken 2002, ûntwerpbegrutting 2004 fan de Regionale Brandweer CPA Fryslân. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel oangeande It fêststellen fan it Jierferslach learplichtwet 2001-2002. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel oangeande it beskikber stellen fan friksjekosten fusy Muziekschool Boarnster- him. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Side 9 04. Ferslach 17-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 30