BOARNSTERHIM gemeente notulen Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 16 juny 2003 om 13.30 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers. Mei berjocht fan behindering ôfwêzich: de hearen N.Boringa, H.G. Postma, J. Hemminga en mefrou T.D. Troost-Akkerman (GB). 1. lepenjen. De foarsitter hjit elkenien fan herte wolkom op dizze waarme middei foar de behanneling fan de maaitiidsnota. De fraksje fan de GB kin net oanwêzich wêze. De foarsitter freget omtinken foar de troch GB tastjoerde skôgings, dy't as bylage oan it ferslach taheakke wurde sille. De hear De Jong (CDA) sil eefkes letter komme. Elke fraksje hat 10 minuten sprektiid en it kolleezje hat dêr de helte wer fan foar de beäntwurding. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. Janse: Punt 5 graach as B-stik. Soeten: Krektsa. De foarsitter: Dêrta wurdt besletten. 4. It behanneljen fan de Maaitiidsnota 2003 De Vries: "It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat de maaitiidsnota opsteld. In nota wêryn de linen útset wurde nei de begrutting 2004. Yn dizze nota hat it kolleezje nije ynsichten, dntjouwings en ferwachtings fertaald yn konkrete útstellen. It is no ús ferantwurdlikheid, as folksfertsjinwurdigers fan dizze gemeente, om ús fisy te jaan oer dizze útstellen en hjiroer besluten te nimmen. De fraksje fan de PvdA hat wraksele mei dizze maaitiidsnota 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3