en ik sil jim aanst fertelle wêrom. No earst wat oars. It is eltsenien dúdlik dat ús lân yn ekonomysk swier waar sit. It nije kabinet hat foar in hurde lijn keazen mei swiere en yn- gripende besunigings. Dat hat direkt gefolgen foar ús boargers, mar ek foar ús gemeente. De finansjele romte foar ús gemeente sil krapper wurde en dat yn in perioade dat wy grutte plannen hawwe. Yn ús riedsprogramma ha wy ûnder oaren ûnderwiis, feiligens en soarch in hege prioriteit jûn. De ried wol plannen meitsje en saken yn gong sette; der moat wat barre! Yn de ôfrune perioade ha wy as ried tal fan inisjativen naam en linen út- set foar de takomst wêrút in hege ambysje sprekt. En dat moat ek; wêrom sitte wy oars yn dizze gemeenteried. Mar op dit stuit keart de wâl it skip; wy moatte kieze. Wat dogge wy wol, wat dogge wy minder en wat dogge wy net mear.... Dêr leit de kearn fan dizze maaitiidsnota en de fertaling dêrfan yn de begrutting 2004. Wat léze wy hast eltse dei yn de Krante; gemeenten dy de beakens fersette en besunigings oankundigje. Ek Boarn- sterhim sil saken opnij ófweagje moatte. Dan de maaitiidsnota. De grutte line fan de nota is neffens de fraksje fan de PvdA de folgjende: in lytse besuniging fan 0,3% 120.000) op it eksploitaasje budzjet kin net realisearre wurde; it budzjet nij-beleid 109.000) yn- sette om dochs in besuniging te realisearjen; in bestimmingsreserve foarmje fan 1,4 mil joen om risiko's De Baai en Grûnbedriuw op te fangen; de dekkingsreserve nij-belied fan 1,8 miljoen brûke om dizze reserve te foarmjen; it restant fan dizze reserve 415.000) ynsidinteel yn te setten; mei dizze 415.000 tal fan grutte en lytse knipepunten ynsidin- teel oplosse. Lit ik mar dúdlik wêze; dit smakket ús net! Us kolleezje hat syn bést dien om der noch in moaie menu-kaart fan te meitsjen, mar foar de fraksje fan de PvdA sit der rook noch smaak oan. Wat is hjirfan de oarsaak? In minne kok of in resept dat net dúdlik is. Ik tink dat it fan beide wat is .As ried ha wy net dúdlik genôch west oer de yngrediën- ten dy de kok brûke moast en de gerjochten dy wy wichtich fine. Dêrnjonken fine wy dat it Kolleezje, as kok, mei it beskikbere materiaal mear dwaan kinnen hie. De ried en kol leezje kinne wat dit oanbelanget fan dizze maaitiidsnota ek leare en dat moatte wy mei- inoar oppakke. In dúdlike opdracht dy elts fanut de eigen ferantwurdlikens ynfolje moat.Wat is it dan wat ús, de fraksje fan de PvdA, in rare smaak jout: der is gjin romte mear foar ynsidinteel belied; ek de kommende jierren is dat budzjet foar de ried net mear beskikber; dus gjin romte foar nije ûntjouwings en gjin stipe oan inisjativen fan ús yn- wenners; de lesten fan ús ynwenners geane foars omheech (OZB; 2 5,5 2); net om nije ûntjouwings mooglik te meitsjen, mar om in tekoart op de begrutting te dekken!; de kosten foar fergunnings rinne op; ek dit giet te'n léste fan de boarger en de ûndernim- mer; en de gemeente seis docht neat; gjin besunigings yn de gemeentelike organisaasje; wat'ûntbrekt der yn de nota; fisy, der is gjin dúdlike lein, fisy yn it stik te finen. Wêr kie ze wy foar; hoe sjogge wy nei de takomst en wat binne dêryn ús keuzes. Dit is foar ús fraksje net akseptabel. Fjirder fait ús op: de grutte Onmacht dy de passage oer jeugd^ en jongeren belied útstrielet. Wy wolle gjin nije startnotysjes en Ondersiken! Wy kinne O.o. de doarpsfisy's brûke om Os doelen yn de programmabegrutting oan te jaan. En dan los; aksjel; De wurkgroep PANTER; ús bekrûpt it gefoel dat der mei in grut tal minsken in protte oerlis is, mar dat dit gjin konkrete risseltaten opsmyt. Miskyn ha wy net alle sicht hjjrop; mar dan moat it kolleezje Os dat sicht mar ris jaan; Frijwilligers belied; wy binne fan miening dat wy just no de frijwilligers stypje moatte. Net foar neat ha wy in Ondersyk dien; dat jout ferwachtings en ek ferplichtings. SOnder frijwilligers giet de leefberens yn Os d'oarpen efterút; dat kin net lije! Wy wolle graach yn gearwurking mei û.o. FLD sjen wat wy mear foar de ferskate frijwilligers organisaasjes dwaan kinne; en dêr heart dus ek jild by; Flardware en software; it kolleezje wol de mear-opbringst algemiene Otkearing fan 2003 hjirfoar ynsette. Byinoar in ynvestearing fan 123.000 euro. Yn 2002 ha wy in oer- skrieding hân fan 150.000 euro! De rûze mear-opbringst 2003 en it bedrach dat nedich is foar software binne gelykis dit tafol of is dit typysk ynput-tinken; Der soe neffens de PvdA noch mear mei oare gemeenten gearwurke wurde moatte; mei-inoar kin it sker- per (jild) en faaks ek better (kwaliteit); dêr wêr oare gemeenten ûndersyk dien ha, of in Side 2 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4