knipepunt oplost ha, of in systeem boud ha, of in decentralisearre taak útwurke ha ensa- fuorthinne. Dêr moatte wy dochs mear fan profitearjel. Kinne wy de boarger útlizze dat wy net mei-inoar brânwar auto's keapje wolle yn Fryslân? Kinne wy de problemen rûn it argyf net better mei-inoar oppakke? Of binne wy de ienige mei dit probleem? Finansjeel behear en administraasje, digitalisering fan dokuminten, pakken foar de brânwar, kin dit allegear net better mei-inoar? Sosjale saken: 5 gemeenten (oan ús gemeente-grins) wur- kje gear. Kinne wy net better oanheakje? der kin neffens ús op dizze wize noch in bulte jild besparre wurde! Dan noch de 200.000 foar de her-wurdearring WOZ. Dit kostet ús dus 1 OZB per jier (moat 1x per 4 jierl). Kin dit no wier net oars? Allinnich de nije ge bouwen en de grutte ferbouwingen en de rest mei in yndeks... It sil fêst wettelik ferplich- te wêze, mar wat ha wy, wat hat de boarger hjir no oan. It regear seit dat der minder re gels wêze moatte; dan hjir mar mei begjinne! It foarmjen fan in bestimmingsreserve: It kolleezje freget ús om in bedrach fan 1,4 miljoen yn in bestimmingsreserve te setten. It grutste part hjirfan moat it risiko fan it grûnbedriuw dekke. In yngripende maatregel, sûnder dat wy as ried kennis naam ha fan de notysje oer dizze problematyk. Wy wolle no noch net besluten nimme mei sokke grutte gefolgen sûnder kennis fan dizze notysje. En wy fine it ek net goed dat it kolleezje foar dizze folchoarder kiest. Better is it om aanst nei it ferskinen fan dizze notysje dit mei te nimmen yn de taken-diskusje en it opstellen fan de programmabegrutting. Salang moat it bedrach fan 1,4 miljoen yn de dekkingsre serve nij-belied sitten bliuwe. It kin ynset wurde as dan blykt dat it nedich is.Wy kinne ynstimme mei it ûntlûken fan in bedrach fan 415.000 euro út de reservearring nij beleid foar ynsidintele saken. En wy kinne op haadlinen ynstimme mei it listje fan it kolleezje op side 33 fan de maaitiidsnota. Twa opmerkings hjirby: wy kinne ynstimme mei in bedrach yn de oarder fan 50.000 foar oanpassing WIW/ID banen, mar wolle dan dat hjirfoar trije plakken komme, ferdield oer; ûnderwiis, soarch en feiligens. Mooglik moatte oare organi- saasjes seis dan noch wat mear bydrage. Mar ek dy organisaasjes ha dêryn in ferant- wurdlikheid; Berne-opfang 70.000 yn 2003; fan 70.000 nei neat yn 2004 giet ús te mâl. Wy hechtsje grutte wearde oan goede berne-opfang en ha grutte werdearring foar harren wurk. It tinkt ús dat is better is om harren ek yn 2004 nochris te stipjen, mar dan mei de helte fan it bedrach; 35.000 euro. Fansels hjirby de finansjele stikken brûke om te toet sen of it ek echt nedich is. Wat wy fjirder noch graach ynbringe wolle: wy ha al earder pleite foar in jongerenried en tinke dat it no saak is dy yn te fieren; ek de wurkgroep grûnbedriuw moat los; ús ynwenners mear romte te jaan as it oer sprekrjocht giet; ek Onderwerpen, net allinnich agindapunten; de mooglikheden om yn ús doarpen te ferga- derjen mei de kommisjes wurdt no besjoen; wy binne hjir in grut foarstander fan. Wy binne nijsgjirrich hoe de oare fraksjes hjiroer tinke. Ynstimme mei dizze maaitiidsnota betsjut net langer "heech oan' e wyn", mar "mei de kop yn' e wyn". En elts wit dat jo dan mei klapperjende seilen stilfalle; en miskyn wol ef- terút driuwe. En dat is no krekt wat wy net wolle. Wy kieze der foar om de koers te fer- lizzen en it skip wat "falie litte", om sa de wyn wer fol yn de seilen te krijen en gong te meitsjen. Wy wolle hjir net sitte om wat op' e winkel te passen; ús ynwenners ferwach- tsje wat fan ús en dy ferantwurdlikheid wolle wy nimme. Just no, yn in tiid dat benam- men kwetsbere groepen troch besunigings fan it ryk rekke wurde en dizze minsken in be- rop op ús gemeente dwaan sille (en moattej.Just no, moatte wy soarge dat wy ús rjoch- tsje op gebieden wêr Ontjouwings mooglik en winslik binne; plannen meitsje. Plannen dy klear lizze as de ekonomy aanst wer oanhellet. Foarút tinke en planne! Wat betsjut dit konkreet: Wy tinke dat it nedich is om it kolleezje de opdracht te jaan mei in pakket oan útstellen te kommen op grûn wêrfan wy as ried keuzes meitsje kinne. In diskusje yn de ried oer; wat ús prioriteiten binne; hokker taken wy fermindere útfiere wolle; hokker ta ken wy net mear útfiere wolle; op hokker wize wy ús ynkomsten fergrutsje kinne. Dizze diskusje fynt syn fertaling yn de programmabegrutting. En dat is it kader foar it kolleezje foar de útfiering. Wy moatte op dize wize foar ússels de romte kreëarje om gong hâlde te Side 3 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 5