kinnen. Wy wolle it kolleezje in dúdlik kader jaan. Meitsje foar de ried in list mei útstellen yn de oarder fan grutte fan 5% fan de begrutting. Hantearje derby de folgjende ferdie- ling: 30% út de organisaasje, 30% fermindere útfiering fan taken, 30% taken net mear útfiere, 10% ynkomsten fergrutsje. De útfiering; foarmje in riedsbrede wurkgroep foar begelieding (kontrôle en stipe) fan dit proses.Wy heare graach fan de oare fraksjes har tinzen oer dizze oanpak en tinkwize." Bouma: Trochdat de maaiesirkulêre fan it ministearje net beskikber is, is it lêstich in goed oardiel oer de maaitiidsnota te jaan. Boppedat binne by de behanneling fan de jier- rekken tal saken foarlein, dy't no noch net útsocht binne. Dat jildt ek foar in tal taseine notysjes dy't noch net útwurke binne. De notysje grûnbedriuw leit noch net foar en dêr- om wol de VVD it grûnbedriuw no net alfêst mei 800.000,- opkrikke. Yn de jierrekken 2002 waard ek sketst dat de reserves mooglik nei in pear jier wer oanwaakse soenen. De moasje besunigingen wurdt no skrast en der wurdt no dekking fûn út de reserve Nij Belied. Dêr kin de VVD him net yn fine. Der is noch gjin ynsjoch yn foarsjennings perso- niel. De VVD kin him wol foar it grutste part fine yn de útstellen fan side 33. Freget om- tinken foar de VVV. It kolleezje hat fersyk om strukturele stipe ôfwiisd, mar de motivear- ring is net dúdlik. De VVV sil jild nedich hawwe om yn de takomst binnen Friese Meren in rol spylje te kinnen. It kolleezje wol rekreatyf toeristysk belied nei de takomst fersko- we, wylst toerisme benammen yn dizze tiid tige wichtich is foar de gemeente. Dus wol in strukturele bydrage foar de VVV of it kolleezje soe de ôfwizing hiel goed ûnderbouwe kinne moatte. De stofkaammetoade wurket blykber net. Der moatte prioriteiten steld wurde en de ried moat in kar meitsje kin út mooglike besunigingen. Amtners kinne soms mei hiele goede suggestjes komme. Dizze maaitiidsnota is tefolle in hap-snapbelied. Wol net graach dat saken by ried weromkomme by in ûngeunstige maaiesirkulêre. Bijlsma: Foar ús leit in maaitiidsnota dy't wol hiel negatyf is oer de finansjele mooglikhe- den fan de gemeente Boarnsterhim. Wylst om ús hine in tal gemeenten finansjele meifal- Iers hawwe en de trend op dit stuit is - en wy kinne dat léze yn Binnenlands Bestuur, it VNG-blêd en de kranten - dat de ynkomsten út it gemeentefûns noch stige sille yn de kommende jierren. As ik my net fersin mei minimaal 1%. Nei de miening fan de fraksje fan de FNP is de maaitiidsnota it ynstrumint om de rinnende begrutting op ûnderdielen by te stellen en is it ek de opstap ta de begrutting. Yn dit léste gefal hie de fraksje fan de FNP leaver sjoen dat dit stik it risseltaat west hie fan in brede diskusje yn de ried, ek droegen troch de ried. No is it dochs wer in stik mei fêststelde útstellen, dêr't wy ja as nee tsjin sizze kinne en dêr't wy heechút in amendemint as in moasje op yntsjinje kinne as wy eat feroare hawwe wolle. Spitich! Dêrnjonken misse wy in folslein oersjoch fan de winsken en oandachtspunten, dy't foar dizze maaitiidsnota oandroegen binne troch it amtlik apparaat. Hjirtroch kin de ried gjin goede ôfwaging meitsje fan wichtige en minder wichtige saken. Dat hat it kolleezje kenlik al foar ús dien. In wichtige konstatearring is, dat de troch de ried inisjearre besuniging fan 0,3% net te heljen is. De fraksje fan de FNP fynt dat spitich mar ferwûndert har der ek oer, dat dit net earder bekend wêze kinnen hie en oan de ried meidield wurde kinnen hie. No komt it ús wol kâld op 'e lea, seker yn it ramt fan de ynsidintele oplossings foar in pear ad-hoc problemen, nammentlik om de reserve Nij Beleid hjirfoar op te offerjen. Dêr is de fraksje fan de FNP noch net oan ta. It meitsjen fan belied, wer dan ek mar foar, is en bliuwt in wichtich middel foar de ried om, yn it ramt fan de duale wurkwize, kaders te stellen oan it wurkjen fan it kolleezje. It opheffen fan dizze reserve makket it meitsjen fan in nij be leid ófhinklik fan de tafallich al as net oanwêzige middels binnen it produkt, dêr't de ried nij belied foar ûntwikkele hawwe wol. Hjirby hoege wy allinne mar te tinken oan de troch de ried winske takomstfyzje op de rekreaasje, wêrfan't it kolleezje fynt dat dat no fi- nansjeel net ferantwurde is. Foarlopich binne wy der noch net oan ta om dizze reserve op Side 4 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6