te heffen en de frijkommende finansjele middels foar in grut part ta te skikken oan it grûnbedriuw. Al in tal jierren ferlyn binne der miljoenen gûnen nei it grûnbedriuw tagien en letter ek noch wer. As der no wer in flinke donaasje plakfine moat, dogge wy earne wat net goed. Oan de hân fan de troch it kolleezje taseine notysje wolle wy ien en oar graach ris breed oereidzje ear't wy wer út de algemiene tsjinst wei jild yn it grûnbedriuw stopje. Boppedat moatte wy út de jierrekken 2002 fernimme, dat de reserve fan it grdn- bedriuw op 31 desimber 2006 rûsd wurdt op 1,4 miljoen euro. Dit kinne wy, no 5 mo- anne letter, net mei elkoar rymje en stelle dan ek út om no noch net 1,4 miljoen euro ta te skikken oan it grûnbedriuw, dêr't nei ús betinken ek de risiko's fan De Baai út dutsen wurde moatte (kinne). Wy sitte hjir as folksfertsjintwurdiger en wy soen net graach wolle dat it folk, de ynwenners fan Boarnsterhim, him as har foar de gek hâlden fielt. Dochs binne wy der net gerêst op! Middels in enkête, in frijwilligersdei, ferskate oansetten ta it meitsjen fan belied en it oanfreegjen en ûntfangen fan in Ryksbydrage fan 50% fan de plankosten om te kommen ta dit belied binne Boarnsterhimse f rij willigers fan it grut tal ferienings en oare aktiviteiten aktivearre om mei te wurkjen. No stelt it kolleezje út om hjir mar net mei te begjinnen en de Ryksbydrage mar wer werom te soarten. Wy fine, dat dit net kin en hawwe yn ditselde ramt de grutste noed oer de doarpsfyzjes, dêr't yn dize maaitiidsnota mei gjin wurd oer rept wurdt. Wy fine dat der yn de kommende jierren wol deeglik ynsetten wurde moat op it ûntwikkeljen fan in f rij willigersbelied sa as yn it plan fan oanpak oanjûn is en mei finansjele stipe fan it Ryk, oanfolle mei eigen middels út de rinte fan de reserve Nij beleid, dy't nei ús betinken bestean bliuwe moat. Wy fine it in goede saak om dêr wêr mooglik en dêr wêr in relaasje bestiet middels ta te foegjen oan de egalisaasjereserve BTW om no al foarsjoene risiko's op dat mêd, en mooglik takomstige ûnfoarsjoene risiko's, óf te dekken en kinne ynstimme mei de útstel- len datoangeande. As wy sa nei de maaitiidsnota sjogge dan fait it ús op dat der benammen foar de doarpsfernijing en de werstrukturearring in knoarre jild fûn en frijmakke wurdt. Dêr wêr't earder alle jierren 500.000 gûne foar doarpsfernijing op begrutting stie, stiet der no foar 2005 en 2006 elk jier 500.000 euro en foar 2007 seis 650.000. As wy sjogge nei de projekten, dy't derfoar noch útfierd wurde moatte en wêrfoar't ek in foarse provinsjale bydrage te ferwachtsjen is, dan freegje wy ús óf wêrom't dizze posten mear as ferdûbele wurde moatte yn de kommende jierren. Eins is de fraach: kin it ek wat minder om oare saken ek syn gerak te jaan. Mar ek: wêr binne dizze bedraggen op basearre? It wurdt nammentlik net fierder ûnderboud. En dat is mei in grut tal oare bedraggen ek it gefal. Yn it bedrach fan 415.000 euro, dat oan de reserve Nij Belied ûntlutsen wurde moat, sitte in tal ienmalige friksjekosten (muzykskoa!le,pjutteboartersplakken) mar ek in protte saken dy't straks yn de begrutting 2004 en fierder meinommen wurde moatte. Alteast, oars hat it gjin doel omdit no ien kear te dwaan en der yn 2004 wer mei op te hélden. Kin it kolleezje in yndikaasje jaan fan de mooglikheden dêrta? Yn it ramt fan de besunigings op de WIW- en ID-banen giet it ús no te fier om al te beslu- ten oer in gemeentlike bydragefan 53.600 euro om 2 doarpswachten te bekostigjen. Wy soenen dit graach ófwaagje wolle tsjin oare subsidiearre banen, dy't mooglik like wich- tich of wichtiger binne. Boppedat wachtsje wy noch altyd op in antwurd fan de wethâl- der oer it ûndersyk fan de mooglikheden fan it Prohef-systeem, dêr't ek de provinsje mei oan de slach wol. Der binne de léste jierren wichtige foarsjennings yn ús doarpen ta stân kommen. Ik tink dan oan de berne-opfang,yn kombinaasje mei de pjutteboartersplakken, mar ek oan in foarm fan ferfier, dy't temjitte komt oan de winsken fan ús ynwenners op it platelân: CVV. Yn dizze maaitiidsnota wurdt ien en oar op de helling setten. Wy hoopje en fer- wachtsje dat dizze foarsjennings net samar wer ófbrutsen wurde. Seker yn it gefal fan it CVV soe it dochs wol hiel apart wêze om't der in kontrakt wie oant 2005. Dat dit kont- rakt no iepenleit docht net óf oan it feit dat der ynsetten is op in goede foarm fan iepen- Side 5 04. Ferslach 16-06-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7