BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 26 augustus 2003. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 16 en 17 juny 2003. Mid. Mefr. J. Dekker-Hoogeveen: hja is sawol by de riedsgearkomste fan 16 juny as dy fan 17 juny west. Ferslach 16 jyny 2003: De hear A. Bijlsma: side 5 rigel 11 fan boppe "Dochs binne wy der net gerêst op"; 19e rigel fan boppe, it wurd "Fryslân ferfange troch "fan". De hear J. Hemminga: de foarsitter hat tasein de skriftlike bydrage fan de fraksje fan GB 2000 as bylage oan it ferslach ta te foegjen. Dit is net bard, graach dit noch dwaan. Tagelyk it oannommen amindemint fan de PvdA tafoegje. Wethâlder mefr. J. Bouma: side 13, "De skriuwster fan de brief wie doe net oanwêzich by de klankboerd groep". Mei it yn acht nimmen fan de makke opmerkings wurde beide ferslaggen fêst steld. 5. Ynkommen stikken. Mid. As nûmmer 30 wurdt tafoege oan de list, de brief fan jeugdsoas SZDRNZLL oangeande de slutingstiden fan de jeugdsoas yn Wergea. De hear A.J. de Vries: Nú. 18, moasje fan de gemeente Medemblik behannelje yn de kommisje BMM. Mefr. E. Verkerk en de hearen J. Roorda, N. Boringa en A. Bijlsma: Nú. 29 en 30, in diskusje oer it jeugdbelied, slutingstiden jeugdsoazen yn relaasje ta dy fan kommersjele hoareka yn de kommisje BMM, mooglik yn de foarm fan in harksitting. De foarsitter fan de kommisje wurdt frege in passen de foarm te finen foar in besprek, diskusje of harksitting. Fierders wurde de ynkommen stikken konform fêststeld. beslutelist 26 augustus 2003/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 92