It ferslach fan 17 juny: Mefrou Dekker: Wie ek op dizze gearkomste oanwêzich. De foarsitter: Biedt út namme fan de ferantwurdliken dêrfoar de ekskuzes oan. It ferslach wurdt mei dy wiziging fêststeld en goedkard. 5. Ynkommen stikken. De foarsitter: Oan it ynkommen stik nûmer 29 wurdt noch in stik taheakke (Skriuwen jeugd soos SZDRNZLL Wergea) oer itselde Onderwerp. Nûmer 29: Roorda: Der is kenlik betizing oer de slutingstiden. Dêrmei anneks is de doelstelling fan de jeugd en de aktiviteiten en it alkoholbelied. Der soe yn de ried in diskusje oer plakfine moatte, foarôfgien troch in harksitting mei de jongereinsintra. Dêryn ek de gearhing mei de kommer- sjele horeka belûke. Dizze saak net troch it kolleezje ófdwaan litte, mar earst yn de kommisje besprekke. Boringa: Sluit zich aan bij de heer Roorda. Mefrou Verkerk: Idem. Bijlsma: Krektsa. De foarm wêryn is oan de foarsitter fan de kommisje. Nûmer 18: De Vries: De fraksje fan de PvdA hat sympaty foar de moasje fan de gemeente Medemblik foar it omtinken foar kosten fan ekstra plysjesoarch. Wol dit graach yn de kommisje hawwe om ek fan oare fraksjes stânpunten te hearen en mooglik in posityf sinjaal fanút de gemeente wei te jaan. De foarsitter: De stikken 29 en 18 sille earst yn de kommisje behannele wurde. Foar it oare wurdt der neffens it foarstel besletten. 6. Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de útfiering fan aktyf boaiembehear Bijlsma: Dielt út namme fan de hear Janse mei dat der akkoart gien wurdt mei it foarstel mei it yn acht nimmen fan it stelde Onder it kopke "Raadscommissie(s)". SOnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel oangeande it gemeentelik sûnensbelied De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. De foarsitter: Stelt foar om de punten 8 oant en mei 26 yn ien kear óf te dwaan. Mefrou Dekker: Fielt dêr net foar, omdat de harkers fan de Boarnsterstim dan net heare oer hokker foarsteilen besletten wurdt. 8. Foarstel oangeande de subsydzjeferoardering Wet inschakeling werkzoekenden (Wiw) SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 04 Ferslach ried 26-08-2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4