Griffier Frensel: Het reglement geeft hierover geen duidelijkheid. In de Gemeentewet wordt ver meld, dat bij staking van stemmen bij een niet voltallige raad het punt naar de volgende raads vergadering wordt verschoven. Omdat dat hier om praktische reden niet voor de hand ligt, kan op grond van art. 55 van het reglement van orde de voorzitter in zaken waarin het reglement niet voorziet aangeven hoe verder te handelen. De foarsitter: As de ried it wol dan nei de folgjende riedsgearkomste en oars nei de kommisje. Van der Meulen: Formeel moat it by staking fan stimmen nei de folgjende riedsgearkomste. Hemminga: Freget oft de foarsitter it foarstel weromlûke kin. De foarsitter: Dat kin er net. It is oan de ried. Bijlsma: Fielt foar tuskenoplossing om it yn oktober earst yn de kommisje en dêrnei yn de ried te bringen. Bouma: Is it dêrmei iens. De foarsitter: It punt komt earst yn de kommisje fan oktober. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 26 augustus 2003. Hemminga: Freget nei taheakjen skôgings en moasjes. Griffier Frensel: Die zijn aan het officiële verslag toegevoegd. De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wizigings fêststeld en goedkard. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 9 en 10: Janse' Dizze punten wurde jûn behannele. Dat is oan de ried en net oan b en w. De foarsitter: It wurdt yn de ried behannele. It kolleezje docht de beäntwurding konfoarm it stânpunt fan de ried. Janse: Is akkoart as it dien wurdt sa't it troch fan de ried besletten is. Dêrnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 6 Foarstel ta fêststelling fan de partikuliere bydrage rioeloansluting. Janse: It draait om gelikenensbegjinsel. Yn de jierren 80 binne grut tal riolearings oanlein. De oanslútkosten wiene sa'n fl 50,00. De ynsprekker hat in tal foarbylden oanhelle, dêr't net foar ri oeloansluting betelle is. De ferliking mei in septic tank doocht net. Dêrfan kin men it oanslutings- plak seis bepale. By in rioeloansluting net. It freget mear wurk en stekt nau fanwege it ôfskot. Yn de nijbou kin it yn it wurk meinommen wurde en leit de grûn der noch rûch hinne. De fraksje hat doedestiids net stilstien by de hege kosten fan in rioeloansluting. It net beteljen fan rioelbelesting de foargeande jierren is net in goed argumint. Wiist derop dat de argumintaasje by it B-stik en ek by oare B-stikken dntbrekt. Van der Sluis: Hat deselde fraach oer ûntbrekken argumintaasje. Is it iens mei it foarstel, mar wol graach witte hoefier de neamde foarbylden yn de tiid weromgeane. Soeten: Is bliid mei GRP. De diskusje hat west en de bydrage is fêststeld. Hat begrepen dat by in perseelsgrins dy't minimaal 40m fan it rioel ôfleit, in septic tank pleatst wurde mei. Hjiroer graach dúdlikheid yn 'Op de Hichte'. De betellingsregeling moat op maat enhy wol graach reaksje wet- hâlder op it gelikensensbegjinsel. Hemminga: Is it iens mei it foarstel. Histoarysk kin men it gelikenensbegjinsel net tapasse. Hat fraach oer fage omskriuwing fan de dekking: 'Bovendien ontstaat door het doorschuiven van pro jecten..' Van der Meulen: By de behanneling doedestiids wie net krekt dúdlik hoe heech de kosten wurde soenen. De fraksjes hawwe har letter fine kinnen yn de ekstra ynformaasje fan de gemeente. Ge- Pagina 2 05. Ferslach 16-09-2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4