BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 11 novimber 2003. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der binne 6 ynsprekkers, t.w.: de hear D. Langendijk, út namme fan de Klientenried Sosjale Saken (punt 6); de hear K. Hijlkema, út namme fan de ûndernimmers fan Spikerboor (punt 4); de hear S. Veenstra, buertkommisje Feansterdyk Akkrum (punt 4); de hear H.de Vries, út namme fan PB Akkrum (punt 5); de hear B. de Boer, sikt. Stifting Utingeradeelhal Akkrum (punt 5); de hearen H. Greijdanus/J. Veenstra, út namme fan de Projektgroep Húsfes- ting Underwiis Akkrum (punt 5). 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op útstel fan de fraksje fan GB2000, stipe troch de fraksjes fan de FNP, VVD en 1 lid fan de PVDA, wurdt besletten punt 5 óf te fieren fan de wurklist. 3a. Meidieling. Ut namme fan it kolleezje bringt wethâlder Bouma de Rie der fan op 'e hichte, dat N.V. Stadsherstel n.o.f. it riedsbeslút fan 10-11-2003 (punt 8) witte litten hat, dat de restauraazjeplannen no faai komme te stean. 4. Foarstel ta fêststelling fan de eksploitaasje foar bedriuwenterrein Spiker- WWR boor/UTD oangeande de revitalisearring en herstrukturearring en de eksploi- taasje fan bedriuwenterrein Spikerboor-súd. Amendeminten wurde yntsjinne troch: a. de fraksjes fan PVDA en GB2000 (oangeande it op koarte termyn nim- men fan inisjatyf foar ynformaasje en oerlis mei omwenjenden en be- langhawwenden); b. de fraksje fan de FNP oangeande ûnderdiel 4. fan it útstel om it neamde bedrach út de algemiene reserve te heljen en dy reserve wer oan te folj- en mei jild út de ferkeap fan "Tusken de Marren". It amendemint ûnder a. wurdt ynhâldlik oernommen troch it kolleezje, ûnder it betingst dat it gjin juridyske tûkelteammen jout. Dit amendemint komt dêrmei net yn stimming. It amendemint ûnder b. wurdt sûnder haadlike stimming fersmiten (allinne de FNP-fraksje is foar. It útstel fan it kolleezje wurdt sûnder haadlike stimming oannommen, mei de oantekening dat de leden fan de fraksjes fan FNP en VVD achte wurde tsjin ûnderdiel 4. fan it útstel stimd te hawwen. beslutelist Rie 11 novimber 2003/szab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 28