5. Foarstel oangeande de húsfesting fan it primêr Onderwijs Akkrum. B&S Offierd fan de wurklist (sjoch by punt 3) 6. Behanneling fan de begrutting 2004 {oanfoljend en oanpast útstel kolleezje fan Mid. 4-11-2003} (by dit punt sit de hear Roorda, plf. foarsitter, de gearkomste foar) Amendeminten wurde yntsjinne troch: a. de FNP-fraksje oer it net opskowen mar hanthavenjen fan in tal yn de (programma)begrutting neamde saken en ynfestearrings, mei in dek- kingsútstel en in útstel foar it besteegjen fan in part fan it yn it amen- demint berekkene oer-skot; b. de VVD-fraksje oer it net opskowen mar hanthavenjen fan it budzjet foar it ferpleatsen fan Knol, Aldeboarn en de útjefte hjirfoar te dekken mei in besuniging op Eksterne Kommunikaasje; c. de fraksjes van de PVDA en GB2000: om yn earsten noch net oer te gean ta it struktureel beskikber stellen fan jild foar de doarpswachten, mar dit foar it earste fearnsjier 2004 ynsidinteel te beteljen; de beslútfoarming oer it takomstich ynsetten fan doarpswachten te belûken by de takendiskusje yn maart/april 2004; it oerbliuwende bedrach foar 2004 yn te setten foar eks ID/WIW minsken yn ûnderwiis en soarch. It amendemint ûnder c. wurdt oernommen troch it kolleezje, mei de bemerking dat noch útsocht wurde moat wat de konsekwinsjes binne fan it stelde by it léste oandachtsstreepke fan it amendemint. Hjiroer sil de kommisje BMM yn- formearre wurde. It amendemint Onder b. wurdt sûnder haadlike stimming fersmiten mei allinne de stimmen fan de leden fan de VVD-fraksje (3) foar. It amendemint Onder a. wurdt sûnder haadlike stimming fersmiten mei allinne de stimmen fan de leden fan de FNP-fraksje (2) foar. De leden fan de VVD- fraksje wurde achte foar it Onderdiel "ferpleatsing Knol" út it amendemint stimd te hawwen. Underdiel 9. fan it útstel fan it kolleezje komt te ferfallen. Fierders wurdt it útstel fan it kolleezje sûnder haadlike stimming oannommen, útsein it Onderdiel 4b. Oangeande dit Onderdiel wurdt besletten dat it riedspre- sidium in proses-mjittiche rol spylje sil. Op it Onderdiel 7 (opheffen dekkingsreserve Nieuw Beleid) wurde de leden fan de FNP-fraksje (hiele Onderdiel) en de VVD-fraksje (allinne foar De Baai) achte tsjin stimd te hawwen. Side 2 beslutelist Rie 11 novimber 2003/szab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 29