Side 9 ferpleatsing fan Knol en de oanpak fan de wâlbeskoeiïng yn Aldeboarn. En de programma's fan de doarpsfernijing. Dat is meiinoar sa'n 262.000. De opbringst fan de lisplakken kin wol yn 2004 ynberekkene wurde en de besuniging op de diken op 80.000 stelle. It totaal komt sa op goed 323.000 en dan bliuwt der 60.000 foar 2004 oer. Dat ornearje foar: stichting Flech- telingewurk, frijwilligersbelied en doarpsfisy. Dan bliuwt der noch 27.000 oer foar ynsidintele bestegings. De OZB hoecht net ferhege tewurden. No earst de kearntakendiskusje ôfwachtsje. It foargeande is ûnderbrocht yn in amendemint. De tekst is sa: "Utgeande fan it kolleezje-útstel om de ynvestearingsprogramma's foar 2003 en 2004 nei in letter datum te ferskowen, komt de fraksje fan de FNP mei it folgjende útstel: Net opskowe mar hanthavenje: Underwiis, programma 2002 (Akkrum) 59.967 Underwiis, programma 2003 15.111 Underwiis, oanfulling programma 2004 (Akkrum) 79.616 Húsfesting gemeente, programma 2001 15.080 Húsfesting gemeente, programma 2004 45.242 Ferpleatse Knol Aldeboarn (2004) 15.060 Wâlkanten Aldeboarn (2003) 5.500 Programma doarpsfernijing 2003-12-03 8.130 Programma doarpsfernijing 2004 19.060 Totaal 262.767 En dit te dekken út de folgjende besunigings fan de groslist: 31. Lisplakkeferoard./Kampearwet 7.500 Opmerking: neffens ús kin dit al yn 2004 yngean en kinne wy dit yn de belesting- feroardering no regelje. 34. Ekonomyske saken 80.616 36. Underhâld wegen (wat minder as de gros list oanjout) 80.000 39. Bermen 15.509 67.088 6.760 40. Underhâld sleatten 29.013 41Oare foarsjennings oan wegen 2.893 43. Fearpont De Burd 4.500 47. Ferfangingsynvestearings 7.405 48. Stipe fraksjes 6.250 54. Promoasje gemeente 16.000 Totaal 323.534 Totaal ekstra te besteegjen yn 2004 60.767 Us útstel is om dit ekstra bedrach yn 2004 yn elts gefal te besteegjen oan: Flechtlingewurk 17-600 Frijwilligersbelied, yn 2004 ûngefear 10.500 Doarpsfyzjes 5.000 Totaal 33.100 Bliuwt oer yn 2004 om ynsidinteel te besteegjen: 27.667" Bouma (VVD): It húshâldboekje sil nochris goed neisjoen wurde moatte. Der is strukturele krapte en elk jier binne der weromkearende tsjinfallers. Goed budzjetbehear moat soks ûnderfange. It tal fte's is soarchlik en ek it tal oeren dat net mear trochberekkene wurde koe. In besuniging fan 1.8 miljoen is dreech. In hiel skala oan begruttingsfoarstellen moat kritysk hifke wurde. De groslist hat in protte Onrêst teweechbrocht. De VVD wol net dat de reserve nij belied foar it grûnbedriuw (de notysje wurdt ôfwachte) brûkt wurdt. It is stil oangeande swimbad en sporthal. By software kin mear besparre wurde, minder oeren útbesteegje, minder represintativiteitskosten en minder 04. Ferslaoh 11 nov2003/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 19