Side 12 meente. Der is in nota automatisearingsprogramma fêststeld. Elk jier wurdt in kredyt frege. It soe op himsels goed wêze om oer de stân fan it proses te ynformearjen. Wethâlder Van den Berg: Ut de skôgings docht bliken dat der ambisjeus wurke wurde moat oan de kwaliteit fan de gemeente. It begjin fan de begrutting 2004 leit yn it kedizen foar de 0.3% operaasje, folge troch takendiskusje en foarjiersnota. Nei de jûn fan 27 oktober hat it kolleezje besletten om ynhâld oan it troch de ried winske belied te jaan. Dat wie al let yn it proses en it kolleezje hie de tiid wol nedich om mei in lykwichtich foarstel te kommen. Der sil sjoen wurde nei it plak fan de benchmark yn it proses en hoe't de ynvestearringsstop út wurke wurdt. De FNP wol in tal projekten trochgean litte. Bijlsma (FNP): It giet net om it starten fan nije projekten, mar wol op in tal neamde projekten no net it near lizze. Wethâlder Van den Berg: It kolleezje wol yn it foarjier in kwalitative en lykwichtige óf waging meitsje. It wen- en leefklimaat stiet foarop. De ynvestearrings yn de automatisearring (2004) bin- ne bedoeld foar it meitsjen fan effisjinsjeslaggen. It is goed om ynhâldlik ynsjoch te jaan oer it hoe en wat. Wethâlder Bouma: De konklúzje is dat der hurd oan it wurk gean wurde moat. Begjin takom jier moat der helderheid komme oer de húsfesting foar it ûnderwiis. Wethâlder Jonkers: Er lopen nog middelen binnen het Friese Merenproject, nl. de Middelseerûte en de SteandeMêstrûte. Er lopen ook nog verscheidene plattelandsprojecten Wil daarover een overzicht verstrekken. Voor het zwembad, waarvoor de subsidie ultimo 2005 stopt, is de pro jectmanager bezig. Er komt een oplossing. Men is naarstig op zoek naar een financier. De Vries (PvdA): Wol noch antwurd oer de kwestje Knol Aldeboam. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Jout it kolleezje gelegenheid foar de beäntwurding fan de amendeminten. Wethâlder Van den Berg: Der is betizing oer punt 6 en 9. De ried stelt de 100.000 foar ien kear beskikber. Punt 9 ferfalt en de 100.000 sit by punt 6 yn. Untriedt it amendemint fan de FNP: it soe de diskusje dy't yn it foarjier komt yn de wei stean en in lykwichtige ôfwaging yn ge- faar bringe. Wethâlder Bouma: Oer it amendemint fan de PvdA (Knol): de druk is al opfierd en der sil mei- koarten in útslach komme. De Vries (PvdA): Der moat mear dúdlikheid komme. Wethâlder Bouma: Wol as deadline 31 desimber stelle en dan kin it nei de takendiskusje fer- skood wurde. Bouma (VVD): Der moat wol foar 1 jannewaris jild reserveard wurde. Postma (GB): Is it iens mei de PvdA. Wethâlder Bouma: De dekking yn it amendemint (punt 53 groslist) heart yn de takendiskusje. 04. Ferslach 11nov2003/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 22