Side 14 780.000 en 820.000. Sit it jild fan de doarpswachten dêrby yn? Kin him wol fine yn de troch GB2000 frege temporisearing. Bouma (VVD): Oangeande 4b is de VVD it iens mei de opstelling fan GB2000. It kolleezje kin los. Tsjin punt 7 om de reserve nij belied sa te brûken. De dekking fan it amendemint fan de VVD kin ek út de pot net-foarsjoen helle wurde. Kin de moasje fan PvdA en GB2000 mei de útlis fan de wethâlder folgje. Van der Meulen (CDA): Is it iens mei de deadline foar Knol. By de takendiskusje is neat útslet- ten. It CDA kin him fine yn de beäntwurding fan it kolleezje op it punt fan de fakatuerestop. Der hoeden mei omgean. Gjin stipe foar amendemint FNP en ek net foar dat fan de VVD. Bouma (VVD): Fernuvert him dêroer mei it op fan it stik fan it CDA yn de Midfrieslander. Van der Meulen (CDA): As der op 31-12-2003 in posityf beslút leit, dan betsjut dat net dat der fuortendaliks jild beskikber wêze moat. Dat ferskoot dan nei de takendiskusje. Akkoart mei amendemint PvdA/GB2000 mei de beäntwurding fan de wethâlder. De Vries (PvdA): Troch de opdracht bedriuwsfiering en fierdere maatregelen sil der hiel wat be weging by de amtlike organisaasje ûntstean. Dêr heart de temporisearing ek by. In fakatuerestop giet te fier, men moat net dêrby it kolleezje tefolle yn de wei sitte. Der sil hweromhâldend nij be lied formulearre wurde moatte. Postma (GB): De opmerking wie: gjin nij belied ûntwikkelje as de finansieringsboarnen net yn sicht binne. De Vries (PvdA): Dat is yndied de rânebetingst. It amendemint fan de VVD(Knol) is mei de tasiz- zing fan de wethâlder net mear nedich. Yn de takendiskusje kin oer it jild praat wurde. De tarie- ding fan guon projekten moat troch gean. As de wethâlder tasizze kin, dat der oangeande beslút 3 fan it amendemint fan PvdA en GB2000 in útwurking foar BMM komt, dan is dat akkoart. Yn- stimming mei punt 1, 2, 3, 4a, 4b (mei taak presidium), 5, 6 (tasizzing fuortgongsrapportaazje automatisearing), 7 en 8. Gjin stipe foar amendemint FNP. Bijlsma (FNP): Tinkt dat de tarieding fan de projekten net trochgiet, omdat dêr dan ek gjin jild foar is. De Vries (PvdA): Giet derfan út dat dat net sa is. Dijkstra (portefúljehâlder): Is bliid mei de konstruktive hêlding fan de ried. Kin net foar 100% de garânsje jaan dat de stjoerberheid fan de organisaasje op 1-1-2004 op oarder is. De yntinsje dêr- ta is hiel dúdlik. De taakstelling yn de bedriuwsfiering fan 187.000 kin allinne yn commitment mei de ried helle wurde. Fynt it dan ek fan grut belang dat it presidium it proses begeliedt en stjoert. By fakatueres kinne spearpuntfunksjes net ûnbeset bliuwe. Der sil wol kritysk nei de fa- katueres sjoen wurde. De ynvestearringsstop hêldt yn dat der gjin aktiviteiten Ontwikkele wurde dy't ta finansjele ferplichtings liede. De diskusje wurdt yn maart fierd en dan kin men wer los gean. Postma (GB): GB2000 hat der behoefte oan om foar de folgjende kommisje op ien A4 te besjen wat dat konkreet oan maart ynhâldt. De Vries (PvdA): Komme der dan minsken sûnder wurk? 04. Ferslach 11nov2003/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 24