Side 2 Van der Sluis (VVD): Yn de oanfraach wie dat dúdlik sa omskreaun en dan mei sa'n brief ek sa yntsjinne wurde. De foarsitter: Der sil antwurd komme op de fragen by stik 8. Sûnder persoanlike stimming wurdt der fierder konform it foarstel besluten. 6 Foarstel oangeande it fêststellen fan de Regiovisie Stadsgewest Leeuwarden en Wester- gozone De foarsitter: Jout in koarte taljochting op de regiofisy. It giet om it gebiet tusken Harns yn it westen en Tytsjerksteradiel yn it easten en Ljouwerteradiel yn it noarden en Boarnsterhim yn it suden. It giet om de fisy op dat gebiet (folkshúsfesting, lânbou, miljeu, natoer, ekonomy) oant sa'n 2030/2040. Gemeenten hawwe har kommentaar dêrop leverje kinnen. Hemminga (GB2000): Wiist op de diskusje yn de kommisje oer it plak fan Grou yn it rapport. De Ontwikkeling fan Grou sit dêryn op slot. Wol dat sa oanpasse, dat yn de takomst gjin Ongeun- stige ynterpretaasje mooglik is en stelt fia in amendemint in wiziging fan de tekst foar. (Sjoch by- lage). De tekst fan it amendemint is sa: "De fractie van GB2000 stelt voor bij de behandeling van agendapunt 6 de volgende wijziging aan te brengen in het Definitief Ontwerp van de Regiovisie Stadsregio Leeuwarden en Westergozone: Het betreft pagina 27, eerste kolom onderaan: Be staande tekst: "Een bijzondere positie neemt Grou in. Als landelijke ontwikkelingskern faciliteert Grou de (boven)regionale watersportgebonden activiteiten en de regionale watergebonden activi teiten". GB2000 stelt voor hieraan toe te voegen: "Overigens wijzigt de huidige situatie in Grou, voor wat betreft de mogelijkheden ten aanzien van nieuwe bedrijfsvestiging (en bedrijfsuitbrei- ding) met overige activiteiten, niet". Portefúljehâlder Dijkstra: It giet om it byld en it belied fan de gemeente. De kânsen fan in doarp as Grou binne dúdlik. Foar Boarnsterhim binne wetterbûne en wettersportbûne aktiviteiten fan grutte betsjutting en dy binne boppedat bopperegionaal. Der is differinsjaasje en spesjalisaasje yn de gemeente. In ekstra tafoeging soe oer en tefolle wêze. Hemminga (GB2000): Is it yn grutte halen dêrmei iens, mar freget him óf hoe twingend de regio fisy is. Neffens de diskusje yn de kommisje wie dy neffens it kolleezje net sa sterk. Men moat foar de takomst in oare ynterpretaasje útslute. De Vries (PvdA): Soe it net beheind wurde troch de oanpaste tekst? De earste tekst jout in wat rommere omskriuwing. Hemminga (GB2000): 'Watersportgebonden activiteiten' kinne oare aktiviteiten útslute. Van der Meulen (CDA): As Boarnsterhim hjirmei komt, dan is de kâns grut dat oare gemeenten soks ek dogge. Hemminga (GB2000): Stelt foar om nei 'Grou' yn te foljen: 'in het bijzonder de watersportge bonden activiteiten'. Wol it dêrmei breder hâlde. Portefúljehâlder Dijkstra: De ried hat dizze situaasje befochten. De regio hat de status oan it doarp takend. It hjoeddeiske bedriuwslibben en wat der noch komt wurdt net útsletten. By 'sleu- teljen' komme der amendeminten. It kolleezje fynt dat de sekerheid der wol is, dy't de hear Hemminga winsket. Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. 04. Ferslach 10nov2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4