BOARNSTERHIM gemeente beslutelist Riedsgearkomste: 16 desimber 2003. Omskriuwing Utfiering Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Troch de fraksjes fan de FNP en GB2000 wurdt in moasje yntsjinne. Dy wurde respektivelik as punt 17 en 18 oan de wurklist taheakke. Op fersyk fan de VVD wurdt besletten om punt 11 fan de wurklist as B-stik te behanneljen. Fierders wurdt de wurklist konform fêststeld. 4- It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 10 en 11 novimber 2003. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. De hear De Jong freget nei oanlieding fan punt 6; "Berjocht fan Deputearre Steaten fan Fryslân oer it goedkarren fan it bestimmingsplan Akkrum Boarn- stee-Oost", foar hoefier it yn it brief neamde argeologysk ûndersyk in fer- traagjende faktor is yn it fierdere proses. Besletten is dat it antwurd op dy fraag as meidieling oan de kommisje WWR tastjoerd wurde sil. Nei oanlieding fan de opmerkings fan de hearen Roorda en Boringa yn reaksje op punt 10: "Skriuwen direkteur Leppehiem Akkrum oangeande ID-banen" wurdt de foarsitter fan de kommisje BMM fersocht it Onderwerp WIW/ID ba nen sa gau as mooglik op de wurklist te pleatsen. 6- Foarstel om yn prinsipe frijstelling eks kêst 19, lid 1 WRO te ferlienen foar it WWR pleatsen fan in steankaravan op in perseel oan de Pean yn Nes. Ofwikend besletten. It amendemint fan GB2000 wurdt opnommen yn it útstel sadat as folget is besletten: 1Ferlien yn prinsipe frijstelling fan kêst 19 lid 1 WRO foar it pleatsen fan in steankaravan op in perseel op Pean, of foar it pleatsen fan in akkomodaasje, die kwa ófmjittings en foarsjennings alhiel geskikt is foar it ferlienen fan On derdak oan personen mei alle foarmen fan in handikap, salang der praat is fan in handikaptenfoarsjenning foar rekreatyf gebrûk. 2.Stim yn mei it wizigjen fan de bestimming fan in oantal perselen (lykas op taheakke kaart oanjûn is) op Pean foar ferbliuwsrekreaasje. Dy wiziging moat plakfine yn it ramt fan de feroaring fan it bestimmingsplan "BOtengebiet op grûn fan kêst 30 fan de WRO" beslutelist 16 desimber 2003/wzjv/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 67