Side 6 De foarsitter: It foarstel om 37.500,00 subsydzje te jaan krijt 3 stimmen tsjin fan de leden Dekker, Janse en De Vries en 12 foar. Der wurdt neffens it foarstel besletten. It oarspronklike foarstel krijt 2 stimmen foar fan de leden Dekker en De Vries en is dêrmei fersmi- 9 Foarstel ta it fêststellen fan It toeristysk rekreatyf fytspadenplan gemeente Boarnsterhim Soeten (PvdA): Fynt it in goede nota. It fytspaad Leechlân wurdt net opnommen, omdat it net oan de toetsingskritearia foldocht en omdat it neat tafoeget oan de besteande rekreative fyts- mooglikheden. Ynwenners Grou en Warten en toeristen fine dat it paad wol prioriteit hawwe moat. Boppedat kriget de dyk yn de takomst in 60km bestimming. Freget as it kolleezje tasizze kin dat it yn 2004 útfierd wurdt. As dat net kin, dan yn de kearntakendiskusje 2004 meinimme. Hemminga (GB2000): Is it iens mei it plan. It fytspaad Leechlân wurdt as utlilitêr bestimpele. Der binne oars bést arguminten te betinken foar it rekreatyf karakter lykas ferbining mei Alde Feanen. Janse (FNP): Is it yn grute halen iens mei it rapport. Der moatte lykwols mooglikheden ûnder- socht wurde om oare doarpen mear by it toerisme te belûken. In stimulearing foar byg. de Lege Geaën. Ferbiningen mei oare gemeentes moatte prioriteit krije. Der moatte inisjativen ûntwikkele wurde foar it fytspaad Snitser Aldfeart. Dat jout in ferbining mei Snits en Wymbrits. By de trans feria wurde wer de 3 grutte doarpen neamd. De FNP kiest foar in oare ynstek en tsjinnet dêrta in amendemint yn (sjoch bylage).De test is sa: "1. Nim it fytspaad lâns de Snitser Aldfeart op yn tabel 6.3 "Prioritearing projekten" op side 28 fan it rapport. 2. Beneam Raerd/Poppenwier as lo kaasje foar in transferium yn stee fan Akkrum of Grou (sjoch par. 6.3. ûnder lokaasjes fan it rap port). Reden: Dit is lytsskalige rekreaasje en past dus goed by de Lege Geaën.Hjirmei kin de lyts- skalige rekreaasje dér in nije ympuls krije. Wy moatte net alles nei de trije grutte toeristyske kear- nen yn ús gemeente helje wolle. Boppedat is de lânsdouwe by Raerd/Poppenwier fan in hiel oare kwaliteit as dy fan it wetterlân rûnom Akkrum, Grou en Terherne. By de Middelsérûte, ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt, hat de gemeente de Lege Geaën ek al lofts lizze litten. De Aldfeart mei de Dilleslûs hiene goed past yn de Middelsérûte. Sjoch mar nei de projekten rûnom Boazum yn Littenseradiel" Van der Meulen (CDA): Is wiis mei it plan. It fytspaad Leechlân is eins wol rekreatyf. Sjocht de wethâlder gjin mooglikheden? Bouma (VVD): Kin him fine yn it rapport. De wurkgroep fytspaad Leechlân hat oerlis hén mei PB en hat kontakt hén mei fraksjes. Krige de yndruk dat alle fraksjes wol fielden foar de status fan rekreatyf fytspaad. FNP, GB2000 en VVD freegje yn in amendemint om fan de dyk gjin 60km dyk te meitsjen en foar de besparring fan de ynrjochtingskosten in fytspaad oan te lizzen. Wethélder Jonkers: Het fietspaad Snitser Aldfeart is niet opgenomen, omdat de logica m.b.t. het knooppuntensysteem ontbreekt. Recreatieve fietsers mogen ook van utilitaire fietspaden ge bruik maken en komen zo door Tersoal en Sibrandabuorren. Het rapport is richtinggevend. Trans ferium is een duur woord voor overstappunt. In Akkrum en Grou kun je vanuit het spoor op de fiets overstappen. Als je naar het gedrag van fietsers kijkt, zie je dat veel mensen de fietsen op de fietsendrager meenemen en zo kun je op elk punt met je fietstocht beginnen. Wil wel een van de kleinere dorpen opvoeren, maar Akkrum en Grou blijven staan. Grou-Warten is geen recreatie ve route. Voor recreanten is een paar km omfietsen geen probleem. Biedt geen soelaas voor woon-school en woon-winkel fietsverkeer. Is wel bereid om de status van recreatief fietspad op termijn bij de provincie te bepleiten. Je kunt ook los daarvan zelf een fietspad aanleggen en be kostigen of het meenemen met de 60km inrichting. Of een recreatieve verbinding los van de weg Grou-Warten. 04. Ferslach 10nov2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8