Side 7 Twadde termyn Van der Meulen (CDA): Mei it fytspaad Snitser Aldfeart binne finansjele en technyske problemen anneks. Is bliid mei de tasizzing fan de wethâlder om foar de rekreative status fan it fytspaad Grou-Warten te pleitsjen. Op wat foar termyn kin der wat realisearre wurde? Der moat fan wegen feilichheid wat barre. Soeten (PvdA): Fynt de tasizzing fan de wethâlder in goede saak. Kin it plan foar it fytspaad Snitser Aldfeart net stypje. Janse (FNP): Is it net iens mei de logika fan de wethâlder. Mei it fytspaad wurdt it oantreklik om in rûntsje te fytsen en dêrby komt men ek troch de doarpen Raerd en Poppenwier. It moat tech- nysk fêst wol te realisearjen wêze. Van der Meulen (CDA): Is it wol reëel mei it each op de kosten? Janse (FNP): Yn de nota stiet wannear't dêr de gelegenheid foar bestiet. Wol it op de prioritei tenlist hawwe. Hâldt de wethâlder oan de tasizzing om Raerd/Poppenwier as transfearium op te nimmen. En lit dêrom it earste part fan it FNP-amendemint ferfalle. It fytspaad Snitser Aldfeart (punt 2) bliuwt stean. De Lege Geaën binne troch de gemeente by it Fryske Marre projekt derby ynsketten. Littenseradiel hat dat folie better oanpakt. Van der Meulen (CDA): Wiist derop dat dêr de situaasje hiel oars wie. Wethâlder Jonkers: Raadt het fietspad Snitser Aldfeart af. De mensen kiezen hun eigen route en missen dan de dorpen. Vindt de economische motieven dan ook niet deugdelijk. Janse (FNP): De PB hawwe it seis oandroegen. Wethâlder Jonkers: Wil voor het Leechlânfietspad onderzoeken of een recreatieve status moge lijk is. Er is op voorhand evenwel geen geld voor beschikbaar. Wethâlder Van den Berg: It fytspaad Grou-Warten hat in aktive wurkgroep. De algemien kritearia binne dúdlik. Op de dyk is in hege ferkearsyntinsiteit. As de Wâldwei klear is (2007/2008), dan sil de druk ôfnimme. In rekreatyf fytspaad kostet sa'n 2 miljoen. Troch in 60km ynrjochting kin de druk fan de Leechlânsdyk ôfhelle wurde. De ynrjochting stiet foar 2005 op it budzjet fan it wegeplan. It soe mooglik nei 2004 nei foaren helle wurde kinne. De foarsitter: Konkludeart dat yn it amendemint fan de FNP punt 1 oerein bliuwt en dat de frak- sjes fan it oare amendemint ôfsjogge fanwegen de positive hâlding fan it kolleezje om yn oerlis mei de provinsje te pleitsjen foar in rekreative bestimming foar it fytspaad Leechlân. De Vries (PvdA): Is it dêrmei iens. De wethâlder komt dan werom om de ried te ynformearjen as it fytspaad in rekreative bestimming krijt en as it jild dêrfoar beskikber is. Sa net dan moat nei in oare ynrjochting fan de dyk sjoen wurde. De foarsitter: Stelt fêst dat it amendemint fan de FNP allinne de stipe fan de FNP krijt en it amendemint is dêrmei fersmiten. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it legalisearjen fan 2 Ijochtmêsten op It Lan ge Ein 13 te Sibrandabuorren 04. Ferslach 10nov2003/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 9