Pagina 12 De ried woe by it wenplan opnommen hawwe dat der romte foar 10 wenten komt yn Raerd. Dat leit dus oars. Der binne ek eardere oare bou-oanfragen west en dan kin men gjin útsûndering meitsje. It besjen yn it totaal fan de restkontinginten en oare kontinginten. De foarsitter: Bringt de moasje fan de FNP yn stimming. Van der Meulen (CDA): Foar it twadde part, mar tsjin it earste. Postma (GB): Krektsa. Roorda (PvdA): Is tsjin. Der is in reëel antwurd fan de wethâlder. De Vries (PvdA): Stimt yn mei it twadde punt. Net mei it earste, want dat set de doar iepen nei in Frysktalige webside en dêroer sil earst mear ynformaasje komme moatte en der moat neigien wurde wat it ferstannichst is. Mefrou Dekker (PvdA): Slút har oan by de hear De Vries. Gerbrandij (CDA): Foar. De eigen taal net allinne belide, mar ek belibje. Hemminga (GB2000): Tsjin. De moasje is sympatyk, mar hat problemen mei de oantsjutting 'foarlopich'. De foarsitter: De moasje wurdt mei 6 stimmen foar en 11 tsjin fersmiten.Foarstimd hawwe de leden Bijlsma, Bouma, Gerbrandij, Janse, M. van der Sluis en J. Zijlstra. It belied Frysk komt wol as Onderwerp yn de kommisje. Bringt de moasje fan GB yn stimming. Roorda (PvdA): It is irritant dat it noch net regele is. Sit oan de oare kant mei aspekt fan rjochts- Ongelikens en is dêrom tsjin. De Vries (PvdA): Is tsjin, want oare oanfregers moatte ek wachtsje. Zijlstra (PvdA): Is foar. It hat al lang genôch ûnderweis west. By Raerd wie der ek sa mar in wenbestimming. Mefrou Dekker (PvdA): De moasje is sympatyk, mar der mei gjin rjochtsûngelikens Ontstean en dêrom tsjin. Gerbrandij (CDA): Is tsjin en slút him oan by de wurden fan de hear Roorda. De foarsitter: De moasje is mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin oannommen.Tsjinstimd hawwe de leden Dekker, Gerbrandij, G. de Jong, D. van der Meulen, J. Roorda en A.J. de Vries. Dêrneffens wurdt besletten. 04. verslag raad 16dec2003/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 14