Pagina 4 Mefrou Dekker (PvdA): Komt dat der op del dat wannear't immen der wurk fan makket, dat dan in yllegale situaasje wol legaliseard wurde kin? Janse (FNP): Is tsjin elke foarm fan legalisaasje fan yllegale saken. De hear Koster hat fergunnin- gen krige en tasizzingen. Tsjinnet amendemint yn mei de folgjende tekst: "Lit punt 2 fan it útstel ferfalle." Mefrou Dekker (PvdA): Wol earst it antwurd fan it kolleezje ôfwachtsje. Hemminga (GB2000): Wol de argumintaasje witte fan de omslach yn it tinken. Nei gedogen fan 30 jier moat elkenien dêr gelyk behannele wurde. Foar it gebrûk fan in stacaravan foar in rol- stoelbrûker moat de foarsjenning wol op oarder wêze en tagonklik wêze. Tsjinnet in amendemint yn:" Voeg aan het voorstel onder 1toe, na Pean: of voor het plaatsen van een accommodatie, die qua afmetingen en voorzieningen volledig geschikt is voor het verlenen van onderdak van per sonen met alle vormen van handicaps, zolang er sprake is van een gehandicaptenvoorziening voor recreatief gebruik." De Jong (CDA): Der wurdt no foar de 4e kear oer de caravan praat. Hat de situaasje besjoen. Der steane 4 caravans achter de polderdyk. Dêr is wol romte, mar it moat net omheech. Wethêlder Bouma: Der is in misser makke by it bestimmingsplan yn 1998. By de wersjenning bestimmingsplan sil dat repareard wurde. In blokhut is troch de ried ôfwiisd. Der is in goede foarsjenning foar de handicapten nedich. De hear Koster moat mei in goede bou-oanfraach kom- me. De romte fan 35 kante meter is rommer as de caravan no. En miskien der noch wol wat by foar in foarsjenning Men hat wol mei rekreaasjebelied yn it bûtengebiet te meitsjen. Mefrou Dekker (PvdA): Der kin noch wol wat by? Dat is in rom begryp. Wol dúdlik ôfspraken dêr-oer. Wethêlder Bouma: Wat ekstra romte foar sanitêre foarsjenning foar handicapten. Kin net eksakt tal kante meters oanjaan, gjin 20 of 30 kante meters. Der hat hyltyd in gedoochsituaasje west ek foar de oare caravans. Hanthaving hie folie earder plakfine moatten om it no net legaliseare te kinnen. Fynt it amendemint fan de FNP juridysk net helber. Giet út fan in goed ûnderboude oan- fraach. Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): As minsken dêr 30 jier gedoogd binne, kin men har no net fuortstjoere. It is in hiel kwetsber gebiet en der foar dat gebiet 35 kante meter fêststeld. It moat dêr binnen hél den wurde. len line lûke en gjin presedinten skeppe. Stipe foar it foarstel. Hemminga (GB2000): Der soe in handicaptefoarsjenning komme moatte mei de dêrfoar jildende noarmen. Mefrou Verkerk (VVD): Is foar 35 ôfhinklik fan it tal handicapten dat der komt. Janse (FNP): It wie de bedoeling om allinne dit stik yn te plannen. De FNP giet út fan it de útstjerbelied foar it bûtengebiet. Dan ferdwine de caravans fansels op in doer. De Vries (PvdA): En hoe wol de FNP dan hannelje as minsken fan de oare caravans komme mei bepaalde inisjativen foar it gebrûk fan dy caravans? 04. verslag raad 16dec2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6