Pagina 5 Janse (FNP): Dy binne net ynpland yn it bestimmingsplan bûtengebiet en dan kin dat net. Fer- wachtet gjin juridyske problemen. Wethâlder Bouma: Hûs en Hiem en de gemeente toetst de oanfraach. De foarsjenning fait bûten de 35 kante meters. Postma (GB): U vraagt en wij draaien? Dat is net de bedoeling fan de wet op de romtelike oarde- ring. Wethâlder Bouma. Bestriidt dat ek. De oanfraach leit der al jierren en de ried is akkoart gien mei in foarsjenning. It útstjerbelied kin hjir net oer safolle jierren folhâlden wurde. Gedoge kin net lan ger en dêrom de feroaring fan de bestimming. Riedt ek it amendemint fan GB óf: it tal kante me ters stiet dór ek net yn en it rekreaasjebelied is der net yn opnommen. De foarsitter: Stelt fêst dat de yntsjinners har amendeminten yn stimming bringe wolle. De Vries (PvdA): Wol fan de hear Hemminga witte, wat dy Onder akkommodaasje ferstiet. Hemminga (GB2000): In ekstra romte nedich foar in handicaptefoarsjenning (sanitêr en tagonkli- kens) dy't foldocht oan de noarmen. Tredde termyn Mefrou Dekker (PvdA): Sa kin men der alle kanten mei út. Der soe sa ek wol in blokhut komme kinne. Dêrom gjin stipe. Janse (FNP): Giet derfan út dat it amendemint fan GB binne de maten fan it rekreaasjebelied past. It giet om 35 kante meter plus ekstra romte foar de foarsjenning. It moat net de hichte yn. Wethâlder Bouma: Fynt dat it amendemint fan GB in te romme ynterpretaasje tastiet. Is it mei de PvdA iens. Hemminga (GB2000): Freget him óf wat men Onder in blokhut ferstiet. De Vries (PvdA): Dóroer hat de diskusje al west. Wethâlder Bouma: Dat wie by de oanfraach doe hast in rekreaasjewenning. De foarsitter: Bringt it amendemint fan de FNP yn stimming. It amendemint wurdt mei 4 stim- men foar en 13 tsjin fersmiten. Foar stimd hawwe de leden Bijlsma, Bouma, Janse en G. de Jong. Bringt it amendemint fan GB yn stimming. It amendemint wurdt mei 12 stimmen foar en 5 tsjin oannommen. Tsjin stimd hawwe de leden Dekker, Roorda, Soeten, De Vries en Zijlstra. SOnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Mei de oantekening dat de FNP achte wurde wol tsjin punt 2 fan it foarstel stimd te hawwen. 7. Foarstel ta ferkeap fan it eardere pjutteboartersplak te Raerd Bijlsma (FNP): Wol him foar dit punt út de gearkomste weromlûke, omdat er as foarsitter fan de FLD belanghawwende partij is. Van der Sluis (VVD): Hat noch gjin antwurd krige op syn fraach oer mooglike ynfloed fan in wenbestimming op de smederij Smitshoeke 3. 04. verslag raad 16dec2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7