De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De hear De Vries (PvdA): Hat koart oerlis mei de fraksjes hân. Men kin ynstimme mei it foar- stel op betingst dat der gjin nije daam opsmiten wurdt en dat der in brûkbere oplossing komt en dat de ried binnen twa moannen in dúdlik antwurd fan de wethâlder krijt. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel tsjin dy achtergrûn besletten. 9. Foarstel ta herbeneaming fan riedskommïsjeleden Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta it ôfhanneljen fan it beswierskrift rjochte tsjin de ôfwizing fan it fersyk om planskea yn ferbân mei it pleatsen fan in brêge oer de Nauwe Galle te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it ôfwizen fan in fersyk om garantstelling fan in nije liening Stichting Woonwil- le Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel oangeande it fêststellen fan in nije feroardering foar de Bestuurscommissie Openbaar Basisonderwijs Boarnsterhim Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel oangeande de útgongspunten foar belied en budzjet Wet werk en Bijstand (WWB) Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel ta fêststelling fan de feroardering eks artikel 213a Gemeentewet Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel ta beneaming fan bestjoersleden Stichting jachthaven Wartena Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel ta ynstimming mei it "recreatiebeleid Terherne" Mefrou Dekker (PvdA): It giet om it belied foar de kommende jierren. Neamt in pear wichtige aspekten: de kwaliteit (dêr kin noch wol wat oan de campings ferbettere wurde), de aard en omfang fan it doarp (der moat net in doarp byboud wurde), de aard en kultuer fan it doarp (oansluting by it Kameleondoarp), de ferskeidenheid (rekreaasje-mooglikheden foar ferskillen- de ynkommensgroepen). Der moat ek sjoen wurde nei de behoefte foar de takomst. De PvdA is dêrby wat behâldender as it kolleezje. Hellet der in pear ûnderdielen út. Camping oan 'e Poel kin in unike camping op termyn wurde. It plan fan de ûndernimmer is prachtich, mar it past dêr net. Hat soargen oer de rekreative bewenning. De PvdA giet foar opsje 2 dy't fakân- sjewenten foar Oan 'e Poel útslút. Foar de strâncamping hat in ûndernimmer in fierstente am- bisjeus plan. Wol mear fan it kolleezje witte oer de 50 wenten dy't it kolleezje dêr tastean wol. De bewenners fan Terherne moatte net nul op it rekest krije as troch de permaninte wenbestimming fan rekreaasjewenten der kontinginten yn mindering brocht wurde. In tredde wurdt omset yn permaninte bewenning? Hat seis in oare yndruk. In diel is ynskreaun by de gemeente, in grut diel is nergens oars ynskreaun, mar wennet hjir wol permanint. Der moat in goed belied oer dit punt fierd wurde. Stelt foar om dit punt earst út de notysje te heljen oant der mear dúdlikheid is. Pagina 8 04. Ferslach 17-02-2004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10