fan de ûndernimmers is posityf. Nije plannen sille oan dit belied toetst wurde moatte. Hat syn
twifels oer it punt fan de permaninte bewenning. Der moat earst dúdlikheid fan de provinsje
komme.
Wethâlder Bouma: De ried giet oer it rekreaasjebelied. Set rjocht dat Louwer om 'e Tún ek by
it op side 3 neamde rychje (de Herne, Utbuorren en de Achte) heart. Yn 1992 hat de ried dêr
in beslút oer nommen. Yn de beboude kom gjin rekreaasjewenten. It rekreaasjebeliedsplan is
ûnderdiel fan it Ontwerpbestimmingsplan en dat moat nei de provinsje en nei de kommisje fan
oerlis en sa gau dêr in antwurd op komt, dan sil de ried dêroer ynformearre wurde.
Mefrou Dekker (PvdA): De bedoeling wie om it (it ûnderdiel permaninte bewenning) der no út
te heljen, want sa't it der no yn stiet, kin men der neat mei.
Wethâlder Bouma: It kolleezje fynt dat net ferstannich. Men is drok te set mei de notysje fan
de minister oer dit punt. It is net ienfâldich om op koarte termyn alle gegevens dúdlik yn kaart
te bringen. Men soe it doarp Terherne tekoart dwaan.
De hear Bijlsma (FNP): Is dit de iennige wize om fan de provinsje in útspraak te krijen?
Wethâlder Bouma: De art. 10 kommisje beoardielt allinne bestimmingsplannen. Yn dizze rûte
krijt men sa gau mooglik dúdlikheid oer de saak.
De hear Bijlsma (FNP): It giet him der om as der in oare wei is om fan de provinsje in útspraak
oer de konsekwinsjes fan it Ontwerpbestimmingsplan, sa't it kolleezje dat foar eagen stiet, te
krijen.
Wethâlder Bouma: Tinkt fan net. It bestimmingsplan is yn 1992 goedkard troch de provinsje.
It kolleezje hat him de opdracht steld dat it net ten koste giet fan de bewenners fan Terherne.
Mefrou Dekker (PvdA): Dan hie no op papier stean moatten om hoefolle wenten it giet. It oer-
sjoch Ontbrekt.
Wethâlder Bouma: De ried rint foarút op wat der komt. Wat dúdlik is wurdt opnommen yn it
bestimmingsplan. It krekte oantal komt werom yn it bestimmingsplan.
Mefrou Dekker (PvdA): It hanthavingsbelied kin net fêstlein wurde yn in bestimmingsplan.
Wethâlder Bouma: De bestimmingen wurde wol oanjûn yn it bestimmingsplan. Yn oerlis mei
de Ondernimmers moat oan de kwaliteit wurke wurde. It totaal oantal sjalets is op 50 steld en
dêrta hearre ek de acht yllegale sjalets. In sjalet is ferlykber mei in fakânsjewente: 'een per
manent aanwezige accommodatie'.
Mefrou Verkerk (VVD): In sjalet is 70 kante meter en in fakânsjewente 120 kante meter. Wat
docht de wethâlder mei de opmerkingen?
Mefrou Troost (GB): Der stiet yn de notysje: 'Via vrijstellings kan de omzetting van stacara
vans in vakantiewoningen mogelijk worden gemaakt.' Dat wol GB der út hawwe.
De hear Zijlstra (PvdA): De ynhâld fan fakânsjewenten moat beheind wurde en dat moat op
nommen wurde krekt as earder by de wenarken, dy't net twa heech wurde mochten.
Pagina 10
04. Ferslach 17-02-2004/absh/10