Pagina 11
Wethâlder Bouma: Nije rekreaasjewenten meie net grutter wêze as 70 kante meter. Yn it bes-
timmingsplan komme de hichten, maten, esfh. Yn de tarieding nei it nije bestimmingsplan
moast der dúdlikheid oer de sjalets komme. It is in toetsingskader nei de takomst en foar de
rest fan de gemeente.
De hear De Vries (PvdA): Hoe ferhâldt it him ta de kontinginten?
Wethâlder Bouma: Oan de kommisje fan oerlis wurdt it foarstel fan de mingde bestimming fan
de wenten yn de Herne foarlein. Kin net sizze wat foar ynfloed dat op de kontinginten hat. It
kolleezje giet der net foar, omdat it al yn it bestimmingsplan fan 1992 fêstlein is, om dat ta te
litten.
De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint.
De foarsitter: lepent de gearkomste wer.
Twadde termyn
De hear Janse (FNP): Op grûn fan wat foar stikken is de permaninte bestimming tastien? Hat
allinne wat oer Louwer om 'e Tún heard, mar neat fan de oare beide. Wol it kolleezje alle
wenten op de neamde lokaasjes permanint meitsje of mar in part dêrfan? Lést it sa dat foar
de Herne permanint en permanint rekreatyf jildt en foar de oaren permanint. Wannear kin de
ried noch wizigingen yn it bestimmingsplan oanbringen neidat it weromkommen is? Kin de
ried wizigingen oanbringe yn it tal permaninte wenten? De FNP fûn it gjin goede saak om in
frijstellingsfoech op te nimmen foar wiziging fan steancaravans yn fakânsjewenten. Dat soe
net foar de strâncamping jilde meie. Hoe stiet it mei de rjochtlinen fan de minister oer bes
timming permanint/rekreatyf? As der gjin dúdlikheid komt, dan wol de FNP foarstelle it werom
te nimmen en nochris yn de kommisje te bringen.
Mefrou Verkerk (VVD): Hellet in sitaat fan in deskundige op it mêd fan romtlike oardering oan
dêr't út bliken docht dat men hjir net mei in 'ruimtelijk verschijnsel' te meitsjen hat dat fia it
ynstrumintarium romtlike oardering beheind wurde kin. Der is gjin bedriuwsmjittige eksploi-
taasje en oanpak soe in ferdringing fan mooglikheden foar minsken mei lege ynkommens yn-
hâlde. Dy útspraken binne dúdlik genôch. De VVD fynt de notysje ûnfolslein en dêrom moat
er weromnommen wurde.
Mefrou Troost (GB2000): Wil ook weten wat de toezeggingen zijn aan de bewoners van de
Achte, Louwer om 'e Tún en de Herne. Zijn het allemaal permanente woningen? En wanneer
is dat toegezegd? Kan de raad nog wijzigingen aanbrengen nadat de commissie artikel 10 het
voorontwerp goedgekeurd heeft? Wat gebeurt er nu met de illegale chalets? Bij geen goed
antwoord moet het stuk terug.
Van der Meulen (CDA): Sit ek mei it punt fan de permaninte bewenning fan rekreaasjewen
ten. Wat foar beliedsromtefrijheid is der noch? Is dy der al of net? Wol de romte hawwe om
wat mear kante meters by steancaravans tastean te kinnen. Dan kin de kwaliteitsslach ek
foar in minder rindabel gedielte makke wurde.
Mefrou Dekker (PvdA): Hoefolle mear romte as de 35 kante meter?
Van der Meulen (CDA): Gjin muoite mei de neamde 70 kante meter as in steancaravan yn in
fakânsjewente omset wurdt. In x oantal âlde caravans wurdt dan ynruile foar dit type.
04. Ferslach 17-02-2004/absh/11