BOARNSTERHIM gemeente UTNOEGING Grou, 4 maart 2004. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tiisdei 16 maart 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. WURKLIST: (A hammerstik) (B diskusjestik) A/B-stik 1lepening. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 17 febrewaris 2004. 5. Ynkommen stikken. 6. A Foarstel oangeande it fêststellen fan de Algemene Plaatselijke Verordening 7. A Foarstel om it Beliedsferslach Sosjale Saken 2003 fêst te stellen. 8. A Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift fan 3 novimber 2003 rjochte tsjin it riedsfoarstel d.d. 11 novimber 2003 oangeande de eksploitaasje Spikerboor-UTD en Spikerboor-Súd 9. A Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift d.d. 22 desimber 2003 rjochte tsjin de beslissing fan de ried d.d. 11 novimber 2003 oangeande de eksploitaasje Spikerboor-UTD en Spikerboor-Súd. 10. A Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift rjochte tsjin de ôfwizing fan ik fersyk om planskea yn ferbân mei it pleatsen fan in brêge oer de Nauwe Galle te Grou 01Utnoeging en wurklist/ /1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 1