Pagina 4
De hear De Jong (CDA): Wat docht it kolleezje mei de oprop om de Europeeske flagge fanôf 3
maaie permanint te flagjen?
Punt 11:
Mefrou Troost (GB): Vraagt of zij het juist begrepen heeft dat dit punt (Halbertsmafilla) in
maart weer op de agenda komt.
Punt 10:
De hear Bijlsma (FNP): Wol de fraach dy't yn dit stik leit graach meinimme by de takendiskus-
je.
De foarsitter: It flaggeprotokol sil yn de kommisje oan de oarder steld wurde.
De griffier: Het is niet mogelijk vanwege te weinig tijd voor ambtelijke voorbereiding en reac
tie van het college om punt 11 als voorstel in maart op de agenda van raad en commissie te
plaatsen.
De foarsitter: Konkludeart dat de ried oan it fersyk fan de hear Bijlsma foldwaan wol.
7. Foarstel oangeande fasilitearing Friese Programmaraad
De hear Roorda (PvdA): Yn 1995 hat de gemeente de kabeloandielen ferkocht. Yn 1997
kaam de mediawet, dy't programmarieden foarskreau dy't as taak hienen om oer it program-
ma-oanbod te advisearen en de konsumint te beskermjen tsjin de kabeleksploitanten. De pro-
grammaried wurdt lykwols net serieus nommen troch UPC. Dêrom stipe foar fasilitearen fan
de programmaried. Mar it moat wol sin hawwe. Wol wethâlder Van den Berg freegje om mei
har oare kollega's yn de regio it belang fan de programmaried by UPC nei foaren te bringen.
De eksorbitante ferheging fan de tariven (22%) kin dêrby ek oan de oarder steld wurde. De
bydrage fan de gemeente is net heech en hy wol it út de post ûnfersjoen helje, lykas de FNP
dat yn de kommisje ek foarsteld hat.
De hear Bijlsma (FNP): Soe it idee fan de PvdA wol stypje wolle. Freget him óf wat foar foech
sa'n programmaried eins hat. De evaluaasje sil dêr mear ynsicht yn jaan moatte. De 950
net út de sosjaal-kulturele aktiviteiten, mar út de post Onfersjoen.
De hear Bouma (VVD): De VVD hat yn de kommisje ek al fragen steld oer de hege tariven en
it hanneljen fan UPC. Mei it ferkeapjen fan de kabel, is ek it foech weijûn. Ut jurispredinsje
docht bliken dat gemeenten gjin fet op UPC hawwe. Hat dan ek net in hege pet op fan it
foech fan de programmaried foar UPC oer. Fynt dat it gjin sin hat om hjirfoar jild beskikber te
stellen. De programmaried kin wol opheven wurde. Fynt it oars sûnde fan jild en tiid.
Wethâlder Van den Berg: De programmaraad is een wettelijke verplichting. Er hebben zich
mensen voor beschikbaar gesteld en die verdienen de steun voor hun werk voor de gemeen
schap. Vindt het voorstel van de PvdA sympathiek en wil in het college overwegen om dit op
gepaste wijze met ambtelijke ondersteuning en in overleg met de programmaraad te onder
zoeken. Het direct zo uitvoeren als de PvdA voorstelt, zou een motie van wantrouwen jegens
de programmaraad kunnen betekenen.
De hear De Vries (PvdA): Hoe kin men it as moasje fan wantrouwen sjen as in groep fan wet-
hâlders it belang fan de programmaried ûnder eagen fan UPC bringt?
Wethâlder Van den Berg: Het mag de mensen van de programmaraad niet het gevoel van een
motie van wantrouwen geven. Met een stukje inkomen kan de programmaraad geholpen wor-
04. Ferslach 17-02-2004/absh/4