BOARNSTERHIM gemeente utnoeging Grou, 3 juny 2004. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op moandei 14 juny 2004 om 13.30 oere yn de kantine fan it Gemeentehûs oan de J.W. de Visser wei 10 te Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. WURKLIST: (A hammerstik) (B diskusjestik) A/B-stik 1lepening. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 maaie 2004. 5. Ynkommen stikken. 6. B Foarstel ta ynstimming mei de notysje "Planschade". 7. B Foarstel ta wegering fan it bouplan foar it oprjochtsjen fan in opfok-ôfrichthal op it perseel Buorren 1 te Tersoal. 8. B Foarstel oangeande it projekt Súdwâl Warten. 9. B Foarstel oangeande de gefolgen fan de fusy fan de pjutteboarterssealen en de Stichting Kinderopvang. 10. B Foarstel oangeande de takendiskusje. 11. B Foarstel oangeande de maitiidsnota 2004. 01Utnoeging en wurklist/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 1