4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 20 april 2004. De griffier: Op pagina 12 is na de woorden van de heer De Jong de reactie van de voorzitter weggelaten. Deze heeft woorden gezegd met de strekking, dat een wethouder zich altijd houdt aan gedane toezeggingen. Dit zal nog aan de hand van de band geverifieerd worden. De foarsitter: Mei dy oanfolling wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Oer punt 10: De hear Janse (FNP): Men hat de stikken al krige fan de kommisje, mar dêryn wurdt net fer- meld dat dit brief derby lizze sil. De foarsitter: Dan wurdt der no fuortendaliks ta besletten. Oer punt 11: De hear Hemminga (GB): Der sitte in tal foutive saken yn. Hy wol dat graach wer yn de kommisje. De foarsitter: Dêrta wurdt besletten. Der wurdt fierder konform it foarstel besletten. 20. Foarstel ta takenning fan 'bijdragen voor het realiseren van kleine recreatieve voorzienin gen' De hear Janse (FNP): It wurdt foar de bern hyltyd dreger om plakken om te boartsjen te finen. Koart ferlyn hawwe guon't in prosesferbaal krige. Doe hawwe sy in brief stjoerd nei de ried en hawwe hantekeningen sammele. Sy hawwe in fjildsje op it each en wolle dêrop graach twa goaltsjes. Formeel heart it fia DB te gean. Dat freget in protte tiid. De FNP wol it fersyk om in bydrage honorearje en de saak delegeare oan it kolleezje. Hat dêrta in amendemint makke en lést dat foar: "Beslút om yn prinsipe in bydrage ta te kennen oan Jirnsum foar de oanskaf fan twa goalen en delegearje de ôfhanneling dêrfan oan it kolleezje; delegearje ek de ôfhanneling fan mooglik noch kommende fersiken oan it kolleezje. Wethâlder Jonkers: Het college is net nog net bij PB Jirnsum op bezoek geweest. Daar is dit niet aan de orde gekomen. Er zit nog 4.500 in de pot en daaruit moet het wel gefinancierd kunnen worden. Het college kan het amendement omarmen. Twadde termyn De foarsitter: Freget hoe't de ried deroer tinkt. De hear De Vries (PvdA): De PvdA wol dermei ynstimme. Wol der graach noch eefkes op rea- geare. Hy is bliid mei sa'n inisjatyf fan de bern yn Jirnsum. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried ynstimt mei it foarstel en it amendemint fan de hear Jan se. Derneffens wurdt besletten. 6. Foarstel oangeande de 'Maatregelenverordening Wet werk en bijstand' De hear Bijlsma (FNP): In útkearing út de bystân is minimaal. De FNP is bliid dat it kolleezje it advys fan de kliïnteried oernommen hat om nei in maatregel nei twa moannen mei in weroer- waging te kommen. Hy hat wol fragen by artikel 13. It bliuwt wat dizinich. Wat binne de Pagina 2 04. Ferslach 18-05-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6